Op 15 april 2026 waard op Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert mei alle earsteklassers de ‘Fryske betinking’ hâlden. Learlingen en dosinten stiene stil by it fieren fan frijheid en wertochten by it monumint op skoalle âld-learlingen dy’t omkamen yn de Twadde Wrâldoarloch.
De wiken foarôfgeand oan de betinking wurken learlingen yn de lessen Fryske taal en kultuer fan dosint Jelle Pinkster oan it skriuwen fan in gedicht. Mei troch gastlessen fan Arjan Hut (Dichter fan Fryslân) wisten de learlingen harren gefoelens kreatyf op papier te setten. Dit diene sy yn de taal fan harren hert en yn it tema ‘Ut namme fan de frijheid’. By it fak byldzenjde foarming fan dosint Elske van der Sluis fongen de learlingen harren gedicht yn in selsmakke lino.
By de betinking waarden fjouwer gedichten foardroegen. Der waarden blommen lein, kearskes oanstutsen, in momint fan stilte hâlden en as lêste krigen alle makke keunstwurken in plak by it skoalmonumint.
In prachtige betsjuttingsfolle tradysje op it Beyers Naudé!