Spoar 8 Lêsline

  • Home

Mei de Lêsline dochst mear mei (technysk) lêzen yn it Frysk. Reizgje mei de learlingen lâns alle Lêslinelessen. Keimpe de Krokodil leart de learlingen yn alle lessen in Fryske ‘letter’ oan.

Beskriuwing

Technysk lêzen yn it Frysk dochst mei de Lêsline foar groep 3-4. Keimpe de Krokodil leart de learlingen yn alle lessen in Fryske ‘letter’ oan. De Lêsline giet út fan wat learlingen al leard hawwe oer it lêzen yn it Nederlânsk. Dêrom stiet it oanlearen fan de Fryske ‘letters’, de ekstra klanken en lêstekens dy’t it Frysk ryk is, sintraal. It lêzen learen fan de Fryske ‘letters’ wurdt oefene yn ferskillende konteksten, lykas ferbynoefeningen, lústeropdrachten, koarte teksten, flitskaarten en spultsjes. Foar de Lêsline binne ferhaaltsjes skreaun dy’t tegearre lûdop lêzen wurde kinne. Dêrneist leare learlingen kritysker te wêzen op wat se sels lêze en lûdop ferklankje yn it Frysk.

Mear ynformaasje

Sjoch op www.spoar8.frl.


To top
Spoar 8 Lêsline – Taalplan Frysk 2030