Spoar 8 Projekten

Mei Projekten dochst mear mei it kombinearjen fan it Frysk mei oare fakken. Projekten besteane út in grutte projektopdracht, ferdjipjende nivo-opdrachten en ekstra lesmaterialen.

Beskriuwing

De Projekten foar groep 5-8 kombinearje it Frysk mei oare fakken. Projekten besteane út in grutte projektopdracht, ferdjipjende nivo-opdrachten en ekstra lesmaterialen. Slút mei Projekten oan by tema’s dêr’tst yn de klasse oan wurkest. Sa learst dyn learlingen op in betsjuttingsfolle wize Frysk. Boppedat wurdt it ienfâldiger om it Frysk mei oare fakken te kombinearjen (CLIL). Mei Projekten wurkest doelfêst oan de Fryske taal, want de grutte projektopdrachten binne keppele oan de taaldoelen út it referinsjeramt Frysk.

Mear ynformaasje

Sjoch op www.spoar8.frl.


To top
Spoar 8 Projekten – Taalplan Frysk 2030