Mei de Temateek dochst mear mei Fryske lesmaterialen by alderhande tema’s yn de klasse. Meitsje dêr dyn eigen Fryske lessen mei óf brûk de Fryske lesmaterialen by oare fakken.
Slút mei de Fryske lesmaterialen út de Temateek oan by tema’s dêr’tst yn ’e klasse oan wurkest. Sa learst dyn learlingen op in betsjuttingsfolle wize Frysk. Boppedat wurdt it ienfâldiger om it Frysk mei oare fakken te kombinearjen (CLIL). De hûnderten Fryske ferhaaltsjes, wurkblêden, ferskes, filmkes, spultsjes, ynteraktive sykplaten, poëzy en taalaktiviteiten sikest út oan ’e hân fan tema’s dy’t ek brûkt wurde yn oare (Nederlânsktalige) metoaden. Tink oan Schatkist, Kleuterplein, Veilig leren lezen en Lijn 3. Yn de groepen 5 oant en mei 8 slút it materiaal oan by de saakfakmetoaden.
Doelfêst mear mei it Frysk dwaan. De stap-foar-stap beskriuwingen en bybehearrende lesmaterialen út de Temateek meitsje dat hiel ienfâldich.
Sjoch op www.spoar8.frl.