Al sûnt 1980 is yn de Wet op Primair Onderwijs (WPO) fêstlein dat skoallen yn Fryslân yn it basisûnderwiis ek ûnderwiis jaan moatte yn de Fryske taal.
Sûnt 2014 hat de provinsje in tanommen ferantwurdlikheid op it mêd fan Frysk yn it ûnderwiis. Yn 2021 is, op inisjatyf fan de provinsje en it Ryk, Taalplan Frysk 2030 úteinset. De doelstelling is dat yn 2030 alle skoallen yn Fryslân it Frysk oanbiede neffens de wetlike ferplichting en de fêststelde kearndoelen (fêstlein yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer).
Yn gearwurking mei ferskate taal- en ûnderwiisynstellingen soarget de provinsje derfoar dat skoallen stipe wurde by it beheljen fan dy doelstelling. Sa is der begelieding mooglik, binne der materialen ûntwikkele en fergees beskikber steld, binne der mooglikheden foar oplieding en neiskoalling en binne der provinsjale subsydzjeregelingen beskikber. Dit hat derfoar soarge dat in soad skoallen yn de ôfrûne jierren al moaie stappen set hawwe yn it fuortsterkjen fan it Frysk yn it ûnderwiis. Yn de kommende jierren sette wy troch mei de 2030-doelstelling.
De nije kearndoelen Fryske taal en kultuer wurde mei yngong fan 1 augustus 2026 fan krêft. Skoallen hawwe oant 1 augustus 2031 de tiid om de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer in plak te jaan. Dy oergongsfaze is nedich sadat skoallen foldwaande tiid hawwe om de nije kearndoelen ûnderdiel te meitsjen fan it ûnderwiisprogramma.
Nije kearndoelen Fryske taal en kultuer
Yn it leargebiet Fryske taal en kultuer is no net mear allinne omtinken foar taalfeardigens yn de Fryske taal, mar ek foar taalekspresje, taalbewustwêzen en kultuerbewustwêzen. De nije kearndoelen passe dêrmei by aktuele ynsjoggen oer taalûnderwiis en sette it learen yn en oer de Fryske taal yn in betsjuttingsfolle kontekst foar alle learlingen.
It leargebiet Fryske taal en kultuer bestiet út fiif domeinen. Elk domein hat ien kearndoel. By it yn wurking stellen fan de nije kearndoelen kinne skoallen kearndoelen út de ferskate domeinen mei-inoar ferbine.
Kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026
Domein: Ryk learfermidden
Domein: Taal leare en brûke
Domein: Taalbewustwêzen
Domein: Taalekspresje
Domein: Kultuerbewustwêzen
Mear ynformaasje oer de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer kinne jo fine op de webside https://kurrikulum.frl.
Skoaleigen kurrikulum Fryske taal en kultuer
De nije kearndoelen jouwe skoallen in moaie kâns om in skoaleigen kurrikulum Fryske taal en kultuer te ûntwikkeljen. In skoaleigen kurrikulum jout skoallen de mooglikheid om op skoalnivo besluten te nimmen oer leardoelen, ynhâld en pedagogysk-didaktyske oanpak (Nieveen & Van den Akker 2023). It soarget derfoar dat it ûnderwiis oanslút by de fyzje fan de skoalle, de learlingpopulaasje en de omkriten fan de skoalle.
In skoaleigen kurrikulum Fryske taal en kultuer freget dat skoallen neitinke oer hoe’t Fryske taal en kultuer in plak krije kin yn it ûnderwiis en hokker stappen der nedich binne om ta dat resultaat te kommen. De ynstellingen dy’t meiwurkje oan Taalplan Frysk 2030 stypje skoallen graach by it ûntwikkeljen fan it skoaleigen kurrikulum Fryske taal en kultuer.
Tafersjoch
De Ynspeksje fan it ûnderwiis hâldt, lykas by de oare fakken en leargebieten, tafersjoch op de kearndoelen Fryske taal en kultuer. Yn de oergongsfaze wurdt fan skoallen ferwachte dat sy doelrjochte en op in wize dy’t past by harren eigen spesifike kontekst tawurkje nei it yn wurking stellen fan de aktualisearre kearndoelen en dy stap foar stap yn harren ûnderwiispraktyk ferankerje. Dat proses wurdt troch de ynspeksje folge. Uterlik op 1 augustus 2031 wurkje alle skoallen mei de nije kearndoelen en hâldt de ynspeksje dêr folslein tafersjoch op.
It projekt Taalplan Frysk 2030 soarget foar de begelieding fan skoallen by it fuortsterkjen fan it oanbod Frysk yn it ûnderwiisprogramma. Sa is der foar alle skoallen in “skoalstiper”. Dat is in fêst kontaktpersoan foar de skoalle dy’t de skoalle helpt en advisearret by it útfieren fan de ambysjes fan de skoalle. Sa ferbetterje wy stap foar stap it nivo fan it Frysk ûnderwiis.
Lês mear oer de begelieding.
It is belangryk om learlingen, âlden en learkrêften bewust te meitsjen fan de mearwearde fan ûnderwiis yn en oer de Fryske taal en kultuer. Dêrom sette wy as projekt Taalplan Frysk 2030 yn op ferskate aktiviteiten en eveneminten. Tink dêrby oan eveneminten foar learlingen lykas SjONG junior en de Poëzywike. Foar learkrêften is der alle twa jier in ûnderwiiskongres (WOW Frysk) om har ynspirearje en ynformearje te litten oer de nije ûntwikkelingen as it giet om metodiken en materiaal.
Sjoch foar alle eveneminten yn de aginda . Dêrneist is der omtinken foar it sichtber meitsjen fan it Frysk yn en om de skoalle. Besjoch it oanbod op dizze webside.

Learkrêften yn it primêr ûnderwiis yn Fryslân wurde foar it grutste part oplaat troch de pabû-oplieding by NHL Stenden. Dêrom sette wy út it projekt Taalplan Frysk 2030 wei yn op foldwaande omtinken foar de Fryske taal by dy oplieding. Mear dêroer is te lêzen op de side fan ûnderwiissektor heger ûnderwiis . Dêrneist binne der oanfoljende opliedingen sa as de post-hbû oplieding koördinator taal yn it basisûnderwiis fan NHL Stenden en de kursus Klasse Frysk. Dy basiskursus bestiet út acht ynspirearjende lessen dêr’t kursisten praktyske tips krije om de lessen Frysk sels op maat te meitsjen. De tema’s binne taalsosjology, berne- en jongereinliteratuer, skiednis, materiaal en oanbod. Dêrneist wurkje de kursisten oan de Fryske taalfeardigens.
Sjoch foar mear ynspiraasje op www.joufrysk.frl en foar in folslein oersjoch fan oplieding en neiskoalling op de side oanbod.
Foar goed Frysk ûnderwiis is goed materiaal ûnmisber. Dêrom sette wy mei it projekt Taalplan Frysk 2030 yn op in breed en farieard oanbod oan materiaal. Sawol fysyk as digitaal. De digitale metoade is Spoar 8 mei 5 ûnderdielen: Temateek, Taalaktiviteiten, Lêsline, Projekten en Meunstertún. Dêrneist is foar alle nivo’s ek fysyk lesmateriaal beskikber.
Besjoch it folsleine oanbod oan materiaal foar primêr ûnderwiis.
