Trije nije dosinten Frysk mei in twaddegraads foech

23 oktober 2026

By de oplieding bachelor Learaar Frysk fan NHL Stenden hawwe wer trije studinten mei sukses har stúdzje ôfrûne. Mei it heljen fan it diploma beskikke sy no oer in twaddegraads foech Frysk foar it fuortset ûnderwiis en it mbû.

De nije dosinten hawwe har de ôfrûne jierren ûntwikkele ta fakbekwame en entûsjaste professionals mei hert foar de Fryske taal en kultuer én foar it ûnderwiis. Mei harren diploma yn de bûse binne sy der klear foar om wichtige bydragen te leverjen yn it fuortset ûnderwiis en yn it mbû.

Op de foto steane twa fan de trije ôfstudearre dosinten Frysk by de diploma-útrikking. F.l.n.r.: Nathalie Elzinga en Simone Geertsma. Net op de foto: Yvonne Blaauw.

Diel dit artikel:


To top
Trije nije dosinten Frysk mei in twaddegraads foech - Taalplan Frysk 2030