Twa fakbekwame learkrêften Frysk derby

02 novimber 2026

Woansdei 28 oktober 2026 wie der in diploma-útrikking foar pabûstudinten fan NHL Stenden.

Foar Ingrid Dijkstra en Dyan de Vries wie de dei ekstra bysûnder, want sy ûnfongen, njonken harren diploma, it foech Frysk. Sy binne dêrtroch fakbekwaam om it fak Fryske taal en kultuer te fersoargjen yn it primêr ûnderwiis.

Wy binne tige wiis mei dizze nije ambassadeurs en winskje harren in soad sukses yn it ûnderwiis!

Diel dit artikel:


To top
Twa fakbekwame learkrêften Frysk derby - Taalplan Frysk 2030