Yn de twadde helte fan dit skoaljier is SjONG der wer! Wolsto yn ’e klasse omtinken jaan oan sjongtekst skriuwen of Fryske muzykedukaasje? Wolst in SjONG-gastles bestelle? Of noch moaier, wolst learlingen opjaan foar dit Fryske sjongfestival? Lês dan gau fierder!
Wat is SjONG? SjONG is in twajierliks Frysk sjongfestival foar jongeren fan 12 o/m 18 jier. Learlingen skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer, folgje workshops fan professionele muzikanten/tekstskriuwers en dogge audysje. Dat kin as band, duo, solist of betink it mar. Se begeliede harsels of sjonge op in bân. Nij dit jier is dat dielnimmers ek in nûmer kieze kinne dat al oersetten is!
Omtinken jaan oan SjONG yn de klasse kin op ferskate manieren:
Gastles SjONG (jannewaris, ferbrewaris en begjin maart)
Ald-dielnimmer en dramadosinte Klaske Smid en ferskate SjONG-coaces sa as Jelle Broersma fersoargje yn jannewaris en febrewaris in workshop ‘SjONG’ fan ien lesoere op fû-skoallen. Dy gastles wurdt fergees oanbean mei help fan it projekt Keunstryk en jim kinne jim dêr no al foar oanmelde. Stjoer in mailtsje mei dyn skoalle, maksimaal 2 klassen dêr’tst in gastles foar oanfreegje wolst, in geskikt momint en dyn tillefoannûmer nei m.swart@cedin.nl. Dan nimt de organisaasje kontakt op om in gastles yn te plannen.
SjONG Startdei en fierdere SjONG-trajekt
Hast learlingen dy’t it leuk liket ommei te dwaan oan SjONG? Stjoer se dan nei de SjONG Startdei yn Neushoorn op 3 april 2027. Dat is in te gekke dei mei workshops fan de SjONG-coaches. Dêrnei kinne de dielnimmers beslute om mei te dwaan oan de audysjes. De coaches begeliede de dielnimmers en wurkje mei harren oan sjongteksten, sang, muzyk en performance. De audysjes bepale wa’t troch mei nei de finale yn Neushoorn.
Om’t SjONG no mei coaches wurket, leit der folle minder wurk by dosinten FTK. Do hoechst as dosint net mei learlingen te oefenjen. Inkeld entûsjasmearje om mei te dwaan en opjaan is genôch, fansels meisto wol oefenje ast dat leuk fynst. Of bist wolkom by de Startdei en de audysjes!
Alle SjONG-data op in rychje
Mear ynformaasje, ynspiraasje en oanmelde? Sjoch op https://www.sjong.frl/