21 skoallen krije taalprofyl foar it Frysk

Hjoed hawwe Deputearre Steaten oan de earste 21 skoallen foar primêr ûnderwiis in nij Taalplan Frysk-profyl takend. Dit profyl jout oan op hokker nivo in skoalle it (fak) Frysk oanbiedt. Alve skoallen krije opnij in A-profyl. Fjouwer skoallen behâlde ek itselde, mar leger profyl (B, C en F). Fjouwer oare skoallen krije in heger profyl dan se earst hienen, twa skoallen krije in leger profyl. De provinsje Fryslân stelt eltse fjouwer jier as ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030 in Taalplan Frysk-profyl fêst foar alle skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis.

Deputearre Sietske Poepjes is tefreden mei de earste resultaten: “Ik bin der wiis mei dat de measte skoallen oant no ta gelyk bleaun binne of deryn slagge binne it oanbod Frysk te fuortsterkjen sadat sy dizze kear in heger profyl takend krije. Yn de pear gefallen dat de skoallen in lytse efterútgong yn oanbod en dêrmei it takende profyl sjen litte, hienen de skoallen dêr in plausibele reden foar.”

Hoe stiet it (fak) Frysk derfoar op de skoallen yn Fryslân? Dat is wat de ûndersikers fan NHL Stenden Hogeschool ûndersykje yn de 1-mjitting fan Taalplan Frysk. Fan de yn totaal 420 basisskoallen binne der no 50 besocht. Yn de kommende moannen folgje de skoalbesites fan de oare 370 basisskoallen en 74 ûnderboulokaasjes foar fuortset ûnderwiis yn de provinsje Fryslân. Yn 2022 binne de einresultaten fan de hiele 1-mjitting bekend. Yn 2016 – 2017 waard foar de earste kear it (fak) Frysk troch NHL Stenden Hogeschool yn kaart brocht. De befinings fan de 0-mjitting binne werom te lêzen yn it rapport It is mei sizzen net te dwaan (2018).

Taalplan Frysk-profilen

In skoalle mei in A-profyl foldocht oan alle easken foar it Frysk ûnderwiis. Skoallen mei in A-profyl hawwe in folslein Frysk ûnderwiisoanbod, rjochte op û.o. Frysk ferstean, lêze, prate en skriuwe lykas beskreaun yn de wetlike kearndoelen. Skoallen dy’t in leger profyl krije, hawwe tydlik noch in frijstelling foar inkelde ûnderdielen fan it wetlik ferplichte Frysk ûnderwiisoanbod. Bygelyks in skoalle dy’t wol oan de kearndoelen foar Frysk ferstean, lêze en prate foldocht, mar it skriuwen noch net foldwaande oanbiedt. It doel is dat alle skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis yn 2030 in A-profyl helje. Dêrmei ûnderrjochtsje de skoallen in folslein oanbod kearndoelen yn de Fryske taal en kultuer.

Skoalstiper

Mei it projekt Taalplan Frysk 2030 set de provinsje mei acht taal- en ûnderwiisynstellingen yn op in breed oanbod foar begelieding, materiaal en neiskoalling. Sa krijt eltse skoalle nei de skoalbesite foar de 1-mjitting in skoalstiper tawiisd. De skoalstiper is in fêst kontaktpersoan foar de skoalle foar Taalplan Frysk 2030. De skoalstiper stipet en advisearret by it útfieren fan de ambysjes fan de skoalle. Tegearre mei de skoalle makket de skoalstiper in oanpak dy’t past by de wurkwize fan de skoalle. Sa wurket eltse skoalle ta nei in A-profyl yn 2030.

Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter

Skoallen kinne noch oant 18 maaie in subsydzje oanfreegje foar it ferbetterjen fan it fak Frysk. Der is û.o. subsydzje beskikber foar neiskoalling fan dosinten Frysk, ekstra lesmateriaal en it ferfangen fan dosinten dy’t in oplieding Frysk folgje. Yn de hjerst fan 2021 giet de regeling op ‘e nij iepen foar alle skoallen yn Fryslân. Ek yn de jierren 2022, 2023 en 2024 kinne skoallen in oanfraach dwaan út de regeling.

WOW Frysk 2030

Dosinten, learkrêften en pedagogyske meiwurkers kinne ynspiraasje opdwaan fia in online workshopmiddei op woansdei 26 maaie. Der binne online workshops oer it fak Frysk foar sawol de berne-opfang, (spesjaal) basis en fuortset ûnderwiis en middelber beropsûnderwiis.

Taalplan Frysk 2030

It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en yn alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set har dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO), Underwiisburo Semko en de Underwiisynspeksje.