Attinsje foar 200 eksamen-kandidaten Fryske taal en kultuer

03 juny 2026

De provinsje is hielendal út ‘e skroeven dat 200 learlingen fan 14 skoallen fan ‘t jier it eksamen Fryske taal en kultuer makke hawwe. Dêrom traktearret de provinsje de learlingen op in brief en in strânlekken.

Rixt Jorritsma, learling Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer, krige it pakketsje nei it meitsjen fan it eksamen út hannen fan eksamensekretaris Falco Braaksma. Rixt moast bot laitsje: ‘Grappich dat ik no al wat krij, ik wit noch net iens seker oft ik it wol helle haw, ik fûn de earste tekst bêst wol pittich, mar ik tink it wol hear.’ Noch net alle pakketsjes binne útdield, guon learlingen krije it by de diploma-útrikking.

Deel dit artikel:


To top
Attinsje foar 200 eksamen-kandidaten Fryske taal en kultuer - Taalplan Frysk 2030