CSG Liudger Burgum stie yn 2010 oan de widze fan meartalich ûnderwiis yn Fryslân. Stadichoan die bliken dat der binnen it MVO-konsept te min romte wie foar skoallen dy’t ferlet hiene fan in skoalprogramma dat mear oansleat by de eigen útgongssituaasje. It antwurd kaam yn 2022 mei it nije konsept Taalryk. Teamlieder Roelof Dijkstra makke alle ûntwikkelingen fan tichtby mei.
Hast tweintich jier lyn joech Provinsje Fryslân de opdracht foar trijetalich ûnderwiis yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It doel? In goede taalbehearsking fan it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk troch dy talen as fiertaal yn it klasselokaal te brûken. “Mei in wurkgroep is der in earste plan skreaun”, fertelt Roelof Dijkstra. Yn 2010 sette Burgum útein, tegearre mei fiif oare skoallen. De opset wurke, “mar troch omstannichheden foelen guon skoallen dochs ôf.” De protte personele wikselingen by de skoallen, by Cedin, Provinsje Fryslân en Nuffic holpen ek net. Der wie nij elan nedich, mei nije kritearia. “En dat waard dus Taalryk”
Fokus op meartalige learomjouwing
Wylst it MVO-konsept stuolle wie op de behearsking fan it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk, leit de fokus by Taalryk mear op in dúdlik sichtbere meartalige learomjouwing “mei kwalitatyf goed ûnderwiis yn in ynternasjonale kontekst.” Yn Burgum krije de learlingen hafû- en fwû-meartalich hast 50 persint fan de lessen yn it Ingelsk. “Dan giet it oer de fakken wiskunde, ekonomy, ierdrykskunde en gym.” Mei it each op Fryske kultuer ferdûbele de skoalle it tal oeren Frysk foar alle meartalige klassen. Dêrneist krijt dizze doelgroep skiednis yn it Frysk. “En de hafisten kinne yn Burgum Frysk as eksamenfak kieze.”
Kognityf en sosjaal
Binnen Taalryk wurdt it tige wurdearre as in learling fan hûs út meartalich is. “Ynternasjonaal sjoen is meartaligens ek sa gewoan. Dat merke de bern ek op de ynternasjonale erfaringsreizen.” De jierlikse Taalrykwike makket diel út fan it skoalbelied, krekt as de oanwêzigens fan in goede mediatheek yn it ramt fan taalûntwikkeling en -befoardering. As ekstraatsje kinne learlingen harren bûten de lessen opjaan foar toaniel of itensieden yn it Ingelsk.
Foar Dykstra is Taalryk in prachtige legitimaasje om aktyf mei taal dwaande te wêzen yn de breedste sin fan it wurd. (Wrâld)boargerskip en ynternasjonalisearring hearre dêrby. “Taalryk is net allinnich goed foar de kognitive ûntjouwing, mar ek foar de sosjale.”
Faandeldrager
CSG Liudger Burgum hat meartaligens al mear as 15 jier stevich op ‘e aginda stean. De skoalle is dêrmei dúdlik faandeldrager. “By ús hearsket in ynteressante kombinaasje fan ambysje en nuchterheid. We stean foar wat we dogge en dat is net wrâldfrjemd. In koprol yn it Ingelsk, bliuwt in koprol, sis ik altyd tsjin âlden as se fragen hawwe oer ús meartalich belied. It iene sit it oare net yn ‘e wei. Yn it Ingelsk slagget sa’n oefening ek.”
In feroarjende tiidsgeast
Doe’t de skoalle yn 2010 begûn mei meartalich ûnderwiis wie ûnderdompeling it devys. Dat wol sizze: fiertaal is doeltaal, en dêr konsekwint oan fêsthâlde. ,,Dus ek Ingelsk prate, as de bern it net begripe. It efterlizzende idee wie dat se it op in stuit dan wol oppakke soene.” De skoalle paste dizze metoade ta ûnder begelieding fan de Ryksuniversiteit fan Grins dy’t tagelyk in reguliere kontrôlegroep monitoarde. “De metoade wurke seker, dochs binne wy der frij gau fan ôfstapt.” Neam it fiergeand ynsjoch of in feroarjende tiidsgeast. “Sa’n tekst as ‘dêr wurde se hurd fan’, hearst no ommers ek net mear. As jo yn it swimbad springe sûnder koarkjes, dan tinke jo gewoan fan ‘oeff’. ”
Boartlik
De dosinten begeliede de learlingen no op in mear boartlike wize by it oanlearen fan ‘e doeltaal. “Is de doeltaal Ingelsk? Dan jout de learkrêft in gearfetting yn it Nederlânsk.” Flaters meitsje yn de doeltaal is normaal yn dit proses. ,,It ûnderskied tusken binnenkommende bern is ek sa grut. Dêr moatte wy as dosinten linich mei omgean.” Pas as de omjouwing feilich is, kin der leard wurde. ,,Elkenien moat him feilich fiele. Mei elkoar geane we it aventoer oan.” En dan barre der prachtige dingen. ,,Soms hear ik learlingen út ‘e hegere jierren as se ûnderweis nei de les binne al oerskeakeljen yn it Ingelsk. Sjoch, dêr dogge wy it foar.”
Salonfähig
De taalkultuer yn Burgum is foaral boartlik. ,,By in âlderjûn begjin ik it praatsje yn it Nederlânsk, mar brûk tuskentroch Fryske sinnen.” Foaroardielen oer it Frysk, komt Dijkstra hjir ek net echt tsjin. ,,Taalryk past hiel goed yn dizze regio. Burgum leit fier genôch fan Ljouwert en Dokkum om in eigen karakter te hâlden. Frysk is yn dizze krite suver salonfähig, in taal lykas oare talen.” Meartaligens is dúdlik ferankere yn dizze skoalle. “En dat jout in fijn gefoel. Wy hiene bygelyks ek in ‘school of economics’ wurde kind, mar dêr hat dizze skoalle net foar keazen. It is dus net in feestje foar in pear dosinten dy’t wat hawwe mei meartaligens. Nee, alle dosinten binne der yn behelle.”
Wêr foldocht in Taalrykskoalle oan?
UNDERWIISOANBOD
In Taalryk-skoalle
UNDERWIISOANBOD YNTERNASJONAAL
In Taalryk-skoalle
TAAL EN KULTUER
In Taalryk-skoalle
ORGANISAASJE EN BELIED
In Taalryk-skoalle
Auteur en fotografy: Gerbrich van der Meer