Op de pjutte-opfang Middelstein yn Mullum stiet sûnt in skoft in opfallend, mar effektyf helpmiddel: de fynselkast. Wat op it earste each in ienfâldige kast mei fakjes liket, blykt yn de praktyk in rike learomjouwing dêr’t taalûntwikkeling, rekkenfeardichheden, âlderbelutsenheid en meartaligens yn gearkomme. Wy praten mei fêstigingsmanager Sandra oer de wurkwize en de opbringsten.
“De vindselkast wordt gevuld door de kinderen samen met de pedagogisch professionals,” fertelt Sandra Verhagen, de eigner fan Middelstein. “Dat doen we meestal op één ochtend, als we een nieuw thema voorbereiden.” Op dit stuit is dat tema ‘muzyk’. Yn sa’n tariedingsmomint en mei help fan in tal keazen wurdkaarten geane de bern aktyf op syk nei foarwerpen dy’t by it tema passe. Se speure it lokaal ôf, fergelykje, kieze en bringe harren fynsten nei de kast.
Krekt yn dat proses ûntsteane weardefolle learmominten. Net elk foarwerp past nammentlik samar yn in fakje. “Soms zijn voorwerpen te groot.” leit Sandra út. Dan ûntdekke bern dat it net past. Dat is fuortendaliks in learûnderfining oangeande oriïntaasje op romte en rekkenjen. Ek it tsjinoerstelde komt foar: in oerfloed oan foarwerpen foar ien fakje. “Dan moeten de kinderen kiezen: wat past beter? Wat vinden we het belangrijkst?” Dêrby sille de bern ek telle hoefolle foarwerpen se hawwe. Sa hat de fynselkast folle mear wearde as allinnich wurdskatûntwikkeling. En troch bern sels sammelje te litten, kieze en oarderje, wurde sy mei-eigener fan it learproses.
De kar om de fynselkast yn ‘e gong te pleatsen, by de kapstôk, blykt in wichtige suksesfaktor te wêzen. Ynearsten stie de kast yn it lokaal, mar de ferpleatsing soarge foar in nije dynamyk. “In de gang praten kinderen’s ochtends met hun ouders over het thema,” seit Sandra. Se beneame de wurdkaarten en litte sjen wat der yn de kast leit. De wurdkaarten binne fan Doenkids en binne twatalich. Ek dat hat effekt. “Wij zien dat de Friestalige ouders de voorwerpen bewust in het Fries benoemen met de kinderen. Als er Nederlandstalige kaarten hadden gestaan, zouden ze deze waarschijnlijk eerder (alleen) in het Nederlands benoemen.” De twatalige wurdkaarten passe yn it twatalige belied dat pjutte-opfang Middelstein sûnt 2023 ynfierd hat en dat neffens Sandra poerbêst rint en foldocht. “Onze twee Friestalige professionals houden het Fries consequent vast, zelfs (meestal) tegen collega’s, wat nog het lastigst is. Het leuke is dat de kinderen er totaal niet van opkijken.” Underwilens fine kollega’s it sels gek klinken as Pauline en Annemarie soms even Nederlânsk prate.
Foar de takomst sjocht Sandra noch kânsen om mei de fynselkast de âlderbelutsenheid fierder te fergrutsjen. Miskien kinne âlden sels ek foarwerpen meinimme foar yn de fynselkast. Dat makket de ferbining tusken thús en opfang noch sterker. Tagelyk pleatst se dêr in kanttekening by: “Niet van alle kaarten zijn thuis geschikte dingen aanwezig. Daar moeten we rekening mee houden. We kunnen wellicht ook nog meer met de tweetaligheid. Wellicht door Nederlandstalige ouders te informeren dat het leuk is om ook het Friese woord op de kaart te benoemen en te bespreken.”
De ûnderfiningen yn Mullum litte sjen dat in relatyf ienfâldich middel as in fynselkast útgroeie kin ta in krêftige, yntegrale learomjouwing. Troch it kombinearjen fan spul, taal, rekkenjen en sosjale ynteraksje ûntstiet in ryk oanbod dat bern útdaget op meardere ûntwikkelingsgebieten. De fynselkast biedt dêrmei in ynspirearjend foarbyld fan hoe’t tematysk wurkje, meartaligens en âlderbelutsenheid op in natuerlike wize gearkomme kinne yn’e deistige praktyk fan ’e pjutte-opfang.
Wolst ek mei twatalige opfang oan de slach? Sjoch op www.sfbo.nl foar mear ynformaasje oer it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’.