TAALRYK: Wiskunde yn it Ingelsk jout in bettere fokus

03 juny 2026

Doe’t Ingeborg van Zwienen frege waard om wiskunde yn it Ingelsk te jaan, wie har earste reaksje: nee, gjin sprake fan. “Ik bin net talich oanlein en seach dat echt net sitten.” Dochs besleat de dosint Wiskunde op CSG Liudger Burgum om it aventoer oan te gean. “Ik soe no net mear oars wolle.”

CSG Liudger Burgum bea noch mar in jier meartalich ûnderwiis oan yn de ûnderbou, doe’t Van Zwienen oan it jaske lutsen waard. “It wie om 2012 hinne. Myn kollega Griet joech op dat stuit wiskunde yn it Ingelsk oan hafû- en twû-meartalich. Betink dat de learlingen yn de ûnderbou doe fjouwer oeren wyks wiskunde krigen. Dat betsjutte foar myn kollega dat se hast folsleine wiken yn it Ingelsk draaide. En dat is bêst pittich. Ik begriep dus bêst dat it har mear lucht jaan soe as ik in pear klassen fan har oernimme soe. En it soe ek mooglikheden jaan: it is fansels noflik ast mei syn twaen oerlizze kinst.”

Tagelyk wie it in grutte útdaging. “Ik wie hielendal net goed yn Ingelsk en wie my der omraak fan bewust dat it net allinne foar de learlingen, mar ek foar my in learskoalle wurde soe.” Uteinlik besleat se it dochs te dwaan. “Mar yn de earste les haw ik de learlingen wol fuort ferteld dat ik it tige spannend fûn om wiskunde yn it Ingelsk te jaan en grif flaters meitsje soe.”

Wurdlisten

Om thús te reitsjen yn it wiskundich fakjargon, makken de learlingen yn dy earste wiken wurdlisten yn harren skriften mei allegear Ingelske wiskundige begripen, útlein yn it Ingelsk en Nederlânsk. “Underwilens meitsje wy gebrûk fan OneNote, in digitaal notysjeblok. Dêryn komme mienskiplike wurdlisten dy’t ek ynset wurde kinne by de toetsen.” Wat docht bliken? “Yn de earste klasse wurdt der noch gebrûk makke fan dy list, mar op in stuit binne al dy begripen ynternalisearre en rekket de list út byld. Yn ‘e twadde klasse is sa’n list al hielendal net mear nedich. De Ingelske taal wurdt sa hieltyd minder in ding. ”

Feiligens

Yn de earste perioade dat de learlingen wiskunde yn it Ingelsk krije, wurdt der boartlik mei talen omgien, seit Van Zwienen mei klam. “Je lizze de stof yn it Ingelsk út en freegje de learlingen dan oft se it begripe. Sa net, dan leist it nochris yn it Ingelsk út. As it dan noch net dúdlik is, setst it Nederlânsk yn.” Feiligens is it kearnwurd foar Van Zwienen. “It giet derom om sa’n sfear te kreëarjen datst mei-inoar mei groeist.” Ynteresses of earder genoaten ûnderwiis binne faak beskiedend foar it nivo fan it Ingelsk. “It seit himsels dat it nivo yn in klasse sterk ferskille kin. Krekt dêrom is it wichtich dat ek learlingen mei in bytsje foarkennis har feilich fiele om Ingelsk te praten. De nije taal wurdt boartsjenderwize en ûntwikkelingsrjochte oanleard. Flaters meitsje heart dêrby. Wy laitsje elkoar noait út. ”

In bettere fokus

Op de ynformaasjejûnen oer Taalryk-ûnderwiis hat mannich âlder ferlet om in praatsje te meitsjen mei Van Zwienen. Oft it net fierste dreech is om yn ien kear én Wiskunde én Ingelsk te learen? “We kinne ek gewoan Nederlânsk prate as se it net snappe, stel ik se gerêst. Sjoch, foar de learlingen yn ‘e earste klasse is wiskunde oant de krystdagen miskien dreech, mar dêrnei foarmet it Ingelsk gjin inkeld probleem mear. Sa gau leart dizze doelgroep dus in taal.” It belangrykste wat se yn it begjin meijout? “De learlingen moatte leare dat se de kontekst fan in tekst begripe kinne sûnder elk wurd te kennen.” Dy feardigens blykt sa weardefol dat de dosint it letter weromsjocht yn de resultaten. “De learlingen dy’t Ingelsktalich ûnderwiis folgje, blike opdrachten better te lêzen as de learlingen dy’t regulier ûnderwiis folgje. Blykber soarget it lêzen yn in oare taal foar in bettere fokus en dus foar in better sifer.”

Fisuele middels

Om thús te reitsjen yn meartalich lesjaan hie de dosint in soad oan de trainingsgearkomsten oer de CLIL-metoade. “CLIL stiet foar Content and Language Integrated Learning. It is in learmetoade wêrby’t net-taalfakken jûn wurde yn in frjemde taal.” Se is noch altyd bliid mei alle tips dy’t se krige. “Tink oan wurkfoarmen om Ingelsk yn ’e lessen te yntegrearjen en spesifike fisuele middels. Hiel handich. ”

Allinnich yn de ûnderbou

Wiskunde yn it Ingelsk wurdt op CSG Liudger Burgum allinnich yn de ûnderbou jûn. Van Zwienen:, “De eksamens Wiskunde binne yn it Nederlânsk. It is dus wichtich dat learlingen ek fertroud reitsje mei wiskunde-opjeften yn it Nederlânsk.” Dochs binne de wiskundelessen yn it Ingelsk yn de ûnderbou hielendal net weismiten jild. “Troch dizze lessen hawwe de learlingen net allinnich mear fokus, se helje ek bettere resultaten foar wiskunde. Boppedat is it in grut foardiel dat se it Ingelsk goed behearskje, mei it each op harren ferfolchstúdzje. ”

Snijd brea

Van Zwienen jout no mear as tsien jier wiskunde yn it Ingelsk. Ek al bliuwt dat yntinsyf, se wol net mear oars. “Sels mei in Cambridge-eksamen yn ‘e bûse, moat ik noch altyd goed neitinke hoe’t ik de lesstof yn it Ingelsk útlis. Tagelyk jout it safolle wille!” As der sa no en dan in kollega ynkomt, falt dy steefêst om fan fernuvering. “Al dy drege termen, sa knap!”, wurdt dan sein. Wylst wy dêr net mear fan opsjogge. Foar ús is wiskunde yn it Ingelsk snijd brea!”

Skriuwer en fotograaf: Gerbrich van der Meer

Deel dit artikel:


To top
TAALRYK: Wiskunde yn it Ingelsk jout in bettere fokus - Taalplan Frysk 2030