Searje 36 en de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer

02 juny 2026

De fernijde kearndoelen foar Fryske taal en kultuer sille per 1 augustus 2026 fan krêft gean. Lykas oare fakken dy’t in fernijd kurrikulum hawwe, jildt foar ús fak ek dat skoallen fiif jier de tiid hawwe om de kearndoelen te ymplemintearjen. Logysk dus datst as dosint dêr no al op antisipearje wolst mei dyn planning foar takom skoaljier.

Om dy reden is der in oersjoch makke fan alle besteande én nije learmiddelen yn Searje 36, keppele oan de nije kearndoelen. Dêrby is der foar elk learjier en nivo in foarbyld-jierplanning makke. Dat alles kinst hjir fine.

Technyske stipe of help nedich by it finen fan materiaal? Mail Stephan op searje36@afuk.frl.

Deel dit artikel:


To top
Searje 36 en de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer - Taalplan Frysk 2030