Op 2 juny 2026 wie de feestlike sertifisearring fan de iepen ynskriuwing fan Klasse Frysk by Tresoar. De kursisten hawwe de 8 lessen folge wêryn’t se meinommen binne yn de wûndere wrâld fan it Frysk.
Fan berneliteratuer oant de Fryske skiednis, fan de Fak Taal Formule oant toaniellêze, fan taalbewustwurding oant Searje 36 en Spoar 8… sy hawwe fan alles by de ein hân!
Lokwinske allegear! (Net elkenien stiet op’e foto.)
Bist nijsgjirrich wurden? Op 11 jannewaris 2027 set de kursus Klasse Frysk wer útein, opjaan kin op Klasse Frysk – Cedin Onderwijs