Hoe makkest it Frysk sichtber én oantreklik foar jonge bern dy’t thús amper Frysk hearre? Mei dy fraach giene SFBO Kennissintrum meartaligens jonge bern en Cedin Drachten oan de slach mei de Foarlêstas, in pilot fan de Afûk. It resultaat: in boartlike Frysktalige foarlêsrûtine wêrby’t in hânpop, boeken en entûsjaste frijwilligers mei-inoar soargje foar mear taalwille yn de beukerklasse.
Sintraal yn it projekt stiet Keimpe de Krokodil, in fleurige hânpop dy’t by bern út groep 1 en 2 útfanhúzje sil. Yn syn Foarlêstas sitte ûnder oaren in Frysk sykboek, in foarlêsboek en in saneamd Boekedeiboek dêr’t âlden en bern yn opskriuwe kinne wat Keimpe thús belibbe hat. It projekt rûn fan jannewaris oant juny 2025 op basisskoallen yn ûnder oare Ljouwert, Drachten, Snits en Harns.
Bysûnder oan dizze pilot wie de ynset fan frijwillige memmetaalsprekkers, minsken dy’t it Frysk as memmetaal prate en skoallen stypje mei in struktureel Frysktalich oanbod. Benammen yn stedsgebieten, dêr’t Frysk minder fanselssprekkend is, blike sy in belangrike skeakel tusken skoalle, âlden en bern.
Sjoerdtje wurket yntusken fjouwer jier as frijwillige memmetaalsprekker op in basisskoalle yn Goutum, dêr’t sy wykliks yn 3 beukergroepen komt. Op in ynspiraasjemiddei foar memmetaalsprekkers kaam hja foar it earst yn ‘e kunde mei de Foarlêstas. “Ik naam de tas mei nei Goutum en de earste beukerjuf sei fuort: ‘Dêr kinne wy wol wat mei!’ Mar de twadde ûnderboulearkrêft woe de tas ek wol yn de klasse ha. En de tredde ek!”
Dat wie in lyts probleem, om’t skoallen mar ien (fergeze) tas ûntfange koene. Lykwols, de direktrise besleat om fuort twa ekstra eksimplaren oan te skaffen. “Dat lit sjen hoe entûsjast de skoalle wie”, fertelt Sjoerdtje. “Us direktrise, Francien, hat echt in positive rol. Se soarget goed foar har frijwilligers.”
Taalplezier as motor
De Foarlêstas draait net allinnich om it foarlêzen, mar benammen om positive taalûnderfinings. Bern mochten Keimpe mei nei hûs nimme, makken foto’s fan harren aventoeren en fertelden dêr letter yn ‘e rûnte oer. Neffens de evaluaasje ûntstiene hjirtroch spontane petearen yn it Frysk én mear belutsenens fan âlden.
Sjoerdtje hâlde de oanpak ienfâldich.”Ik wol de drompel altyd leech hâlde,” seit se. “Yn it begjin hold ik allinnich it Keimpeboek en de hânpop yn ‘e tas.” Sels breide se wol trije lytse slieppûdsjes foar de pop, sadat Keimpe oeral noflik sliepe koe.
En Keimpe hat grif oeral lekker slept, yn syn slieppûdsje, nei drokke dagen dêr’t er wit-ik-wat belibbe. “De iene húshâlding naam him mei kampearjen, by in oar gie er mei yn it winkelkarke yn de Jumbo.”
Wêrom’t it projekt sa populêr is? Neffens Sjoerdtje spilet it karakter fan Keimpe dêryn in grutte rol. “Ik tink foaral om’t it in hânpop is. En omdat hy der sa leaf útsjocht.”
Frysk wurdt fanselssprekkender
Opfallend wie dat âlden faak muoite diene om yn it Frysk in stikje yn it Boekedeiboek te skriuwen. “In âlder skreau dat Keimpe sljocht wie op ‘rûgeltsjes’. Wat in prachtich wurd!”, fertelt Sjoerdtje laitsjend.
Mei-inoar bouwe oan in taalrike rûtine
Foar in soad learkrêften yn de pilot is Frysk net de thústaal. Krekt dêrom is de stipe fan memmetaalsprekkers weardefol. Sy yntrodusearren de materialen, diene foar hoe’t ynteraktyf foarlêzen wurket en holpen skoallen op wei mei praktyske tips. Sjoerdtje: “Bern fine Frysk gjin frjemde taal mear. Se nimme dingen oer, bygelyks telle yn it Frysk. En fan Frysktalige bern krij ik soms in dikke krûp: foar har bring ik in stikje werkenning op in fierder dochs oerwaagjend Nederlânsktalige skoalle.”
Al hoewol’t Sjoerdtje as memmetaalsprekker in wichtige rol spile by yntrodusearjen fan de Foarlêstas, blykt de foarlêsrûtine mei Keimpe yn Goutum sterk genôch om selsstannich troch te rinnen. “As de tas weromkomt wylst ik der bin, bepraat ik it útfanhûsavontoer mei de bern. En as ik der net bin, docht de groepslearkrêft dat.”
De evaluaasje fan de pilot lit sjen dat de Foarlêstas mear docht as allinnich lêsplezier stimulearje. It projekt ferleget de drompel om Frysk te brûken, fersterket âlderbelutsenheid en makket meartaligens sichtber yn de deistige skoalpraktyk. Foar skoallen dy’t sykje nei manieren om taal, lêzen en kultuer op in boartlike wize byinoar te bringen, biedt Keimpe de Krokodil dêrmei folop ynspiraasje.
Memmetaalsprekker wurde?
Fine jo it aardich om mei bern te wurkjen en wolle jo in ympuls jaan oan it Frysk yn it ûnderwiis? Nim dan kontakt op mei Marike Elsinga fan SFBO: m.elsinga@hetnet.nl.
Of lês earst mear yn dizze folder.