TAALRYK: Meartaligens makket jo in riker mins

16 juny 2026

Doe’t Eke Folkerts yn 2023 deputearre waard foar BBB, hope se ek portefeuillehâlder te wurden fan Taal en taalûnderwiis. Omdat se sa fan taal hâldt. Dy leafde ûntstie al yn har jonge jierren, op it eilândoarp Urk.

“Soms tink ik wolris, wiene der mar bylden fan myn earste wike op de beukerskoalle op Urk. Yn it skoalrapport dat meikaam út Birdaard stie noch: ‘Eke praat alleen Fries.’ En dêr siet ik dan ynienen as fiifjierrige pjut tusken bern dy’t allinnich mar Urkers koene. De juf prate Nederlânsk en funksjonearre as in soarte fan yntermediair tusken ús. Binnen in wike wie it klear, fertelde ús heit letter. Doe ferstie ik it Urkers like goed as it Nederlânsk en it Frysk.”

In lytse Fryske enklave

Dy jonge jierren om utens hawwe bepalend west foar Eke Folkerts har leafde foar taal. “Us heit wie skoalmaster. Omdat der yn de njoggentiger jierren fan de foarige iuw amper wurk wie, kaam ús heit op Urk te stean. En hy wie net de iennichste. Der kamen mear Fryske skoalmasters nei it doarp ta.” Yn dy lytse Fryske enklave groeide Folkerts op. “It wie in soarte fan famylje. Wy seine omke en muoike tsjin al dy masters en juffen.”

Linich

Op Urk prate de famylje Folkerts thús Frysk, Omrop Fryslân wie de fertroude radiostjoerder yn hûs. Mar dat hie samar oars beteare kind. De húshâlding hie nammentlik fan it dôve-ynstitút it advys krigen om thús Nederlânsk te praten. “Myn jongste broer hie yn syn earste jierren neat heard troch focht achter de trommelfluezen. Hy hie dêrtroch in foarse taalefterstân opboud.” Nederlânsk prate, slagge úteinlik allinnich mar mei Thomas. “Mar doe’t er fjirtjin wie, hie er syn nocht. Thomas woe ek yn it Frysk oansprutsen wurde.” It ynstitútsadvys is no folslein efterhelle. Folkerts wit sels hoe linich je yn talen wurde as je meardere talen om jo hinne hearre.

Ferbûn mei taal

Taal is foar Folkerts o sa ferbûn mei identiteit: “Ik fûn it fantastysk om mei te meitsjen hoe’t Urkers har Urker fiele. Dêr gong ik op oan.” Se laket. “Doe’t wy op in stuit op skoalle it Urker folksliet learden, gie ik thús daliks op syk nei it Fryske folksliet. De Urkers snapten ek wol dat wy mei elkoar yn it Frysk praten. No wit ik dat folle mear minsken dy ferbining mei taal fiele. Op muzykfestival Zwarte cross komme ek allegear dialekten foarby. Dat fielt dan sá thús foar my.”

Foaral hiel normaal

Bliid wie se dus doe’t se as deputearre Taal en taalûnderwiis yn har portefeuille krige. “Tagelyk wie dy wrâld in grutte útdaging foar my. Kommend út in lânboububbel hie dit sa’n oare dynamyk. Tink oan de kompleksiteit fan meartaligens, de stigma’s dy’t der omhinne sitte, Frysk yn de rjochtspraak en fansels Frysk yn it ûnderwiis.” Se glimket. “De amtners hawwe my yn dat earste jier steande hâlden.” It wie foar Folkerts ek in iepenbiering dat der yn sa’n soad Europeeske regio’s sprake is fan in meartalige sitewaasje. “Meartaligens is foaral hiel normaal. It bysûndere is ek dat de dynamyk yn dy regio’s itselde is: in oerhearsker dy’t yn it ferline syn taal oplei, wylst der thús in oare taal sprutsen waard. Tink mar oan it Ingelsk en it Gaelic. Ek it efterhelle idee dat meartaligens bern tekoart docht ynstee fan rykdom jout, fynst oeral werom.”

Rode hongersnood

Koartlyn lies se it boek Rode hongersnood fan histoarikus Anne Applebaum dêr’t taal in grutte rol yn spilet. “Stalin woe yn de tweintiger jierren fan de foarige iuw in grut diel fan de Oekraynske befolking ferfange troch Russysksprekkende boeren om sa in buffer te kreëarjen tusken de Sovjet-Uny en Europa.” De befolking kaam lykwols yn opstân. “Doe stoppe er de tafier fan iten en eksportearre alle graan dy’t yn dit lân produsearre waard. Sadwaande kaam der in grutte hongersneed; in freeslik barren.” Yn it boek wurdt beskreaun hoe’t Oekraynsk in ferbeane taal waard. “En dan sjochst hoe wichtich in eigen taal is. De minsken ferstoppen boeken om it dochs mar lêze te kinnen. In hiel yntins boek.”

Sosjaler, tûker en mear wrâldboarger

Foar Folkerts is goed taalûnderwiis in wichtich betingst om fierderop te kommen. “Ast yn it ûnderwiis daliks sjen litst dat it Frysk der wêze mei, is dat goed foar de bern, de minsken dy’t se letter wurde én foar de taal.” Har ambysje is dan ek om yn 2030 safolle mooglik Taalryk-skoallen yn de provinsje te hawwen. “Ik leau dat bern sosjaler, tûker en mear wrâldboarger wurde troch in riker taal- en kultueroanbod.”

Ferbining

Dat taal alles mei it hert en ferbining te meitsjen hat, ûnderfûn se in skoft lyn sels noch op it Dútske eilân Helgolân by in ynterfryske moeting. “De ynterfryske tsjerketsjinst waard ôfsletten mei it gebed Us heit. De iuwenâlde tekst waard op itselde stuit útsprutsen yn it Westerlauwersk Frysk, yn it Seelterfrysk, yn it Platdúts, yn it Noardfrysk en sels yn it Hylpersk. Dat die my echt wat. Hiel bysûnder om mei te meitsjen.”

Auteur: Gerbrich van der Meer

Foto: Provinsje Fryslân

Deel dit artikel:


To top
TAALRYK: Meartaligens makket jo in riker mins - Taalplan Frysk 2030