Fan kearndoelen nei de praktyk: learlinen FTK yn ûntwikkeling

25 novimber 2026

De nije kearndoelen Fryske taal en kultuer binne klear en fan augustus 2026 ôf fan krêft. De kommende jierren krije skoallen de romte om dy oer te setten nei harren eigen kurrikulum. Om harren dêrby te stypjen, wurdt hurd wurke oan learlinen Fryske taal & kultuer.

In learline is in beredenearre opbou fan tuskendoelen en learynhâlden dy’t tawurket nei in eindoel, yn dit gefal it beheljen fan it kearndoel. De nij te meitsjen learlinen moatte skoallen hâldfêst biede om ûnderwiisoanbod en trochrinnende rûtes te ûntwerpen. Learlinen hawwe gjin wetlike status.

Foar de learlinen FTK is ûnderwilens in wichtige stap is set: de doelen fan de learlinen binne útwurke. De doelen bouwe yn sân stappen op, fan foarskoalske edukaasje nei de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Yn it pû binne dy stappen groep 1/2, groep 3/4, groep 5/6 en groep 7/8. Yn de ûnderbou fan it fû wurdt ûnderskied makke tusken vmbo en havo/vwo. Elk domein fan it leargebiet, útsein Rijke leeromgeving, kriget in eigen learline. Op dit stuit wurde by de ferskate ûnderdielen koarte lesyllustraasjes ûntwikkele. Sa wurdt hieltyd konkreter hoe’t de doelen yn de ûnderwiispraktyk foarm krije kinne.

De ûntwikkeling fan de learlinen FTK fynt plak yn ôfstimming mei de ûntwikkeling fan de learlinen foar de oare leargebieten troch SLO. Sa wurdt net allinnich sjoen nei de opbou binnen Fryske taal en kultuer, mar ek nei de gearhing mei oare leargebieten. De learlinen FTK wurde aanst yn gearhing mei dizze oare learlinen publisearre. De ferwachting is dat de komplete learlinen yn de simmer fan 2027 beskikber binne.

Diel dit artikel:


To top
Fan kearndoelen nei de praktyk: learlinen FTK yn ûntwikkeling - Taalplan Frysk 2030