In tafel fol nifelguod, fleurige ferklaaiersklean, bern dy’t entûsjast fertelle wat se makke hawwe en miskien tuskentroch noch in dûnske op harren favorite ferske. By Froukje yn gastâlderopfang De Lytse Lotus yn Starum is altyd wol wat te belibjen. Se genietet fan de gesellichheid en de bedriuwichheid om har hinne. It leafst is se mei de bern kreatyf dwaande, mar der is ek alle romte om lekker te boartsjen, te ûntdekken of gewoan efkes dyn eigen gong te gean. Dat se earder 23 jier lang in blommewinkel runde, is eins hielendal net sa ferrassend. Kreativiteit sit yn har bloed. Allinnich binne it tsjintwurdich gjin blomboeketten mear dy’t se makket, mar lytse keunstwurkjes mei en foar de bern.
Mar leafst 23 jier hie Froukje in blommewinkel oan hûs. Se geniete fan it kreative wurk, mar it ûndernimmerskip frege ek in soad. De ynkeap, administraasje en it fysike wurk makken it hieltyd swierder. De lêste jierren wie de winkel allinnich noch online iepen. Dêrmei ferdwûn it kontakt mei de klanten en ek in part fan de wille. Wat woe se eins mei har takomst?
It antwurd kaam by in besite oan de pedikuere. Doe’t dy frege wat se it leafst wolle soe, hoegde Froukje net lang nei te tinken: wurkje mei bern! De pedikuere moedige har oan kontakt op te nimmen mei Via Villa, in gastâlderburo. Hoewol’t Froukje net stie te springen om wer yn de skoalbanken te sitten – “Ik bin net sa’n learder en kompjûters binne ek net myn ding” – besleat se derfoar te gean. Se betelle fuortendaliks de rekken foar de gastâlderkursus, sadat der gjin wei werom mear wie. Oardel jier letter hie se har diploma yn ‘e bûse.
De âlde blommewinkel De Lotus krige in nije bestimming: gastâlderopfang De Lytse Lotus. In noflik plak mei twa sliepkeammerkes, in gong en folop romte om te boartsjen en te nifeljen. Froukje is dêr fjouwer dagen yn de wike en fangt op dit stuit trettjin bern op, fan poppen en pjutten oant skoalbern dy’t foar en nei skoaltiid komme. Ek dêryn sit beweging: meikoarten ferwolkommet se in poppe en in jonkje út Albanië. It jonkje praat gjin Nederlânsk, mar dêr makket Froukje har net drok om. De kommunikaasje mei syn âlden wurdt nei alle gedachten in gruttere útdaging. Dêrby komt Google Translate goed fan pas!
Fan wc-rollen oant ferklaaiersfeestjes
Kreativiteit is in reade tried yn Froukje har libben. Se hâldt fan de seizoenen en lit har graach ynspirearje troch wat de natuer en it momint biede. Der is ek genôch materiaal oanwêzich om wat moais te meitsjen. Ek ynternet is in boarne fan ideeën. Hat se bygelyks in flinke foarried wc-rollen sammele? Dan siket se online nei moaie nifelideeën.
En wa’t efkes gjin sin hat om te nifeljen, kin him útlibje mei de ferklaaiersklean of lekker boartsje. Foaral de bern fan de bûtenskoalske opfang hawwe earst ferlet fan in rêstich momintsje nei skoalle. Mar úteinlik skowe se dochs faak oan by de nifeltafel. En hoe leuk is it as se op snein mei harren famylje by de opfang del rinne en harren eigen keunstwurk foar it rút hingjen sjogge?
Mei-inoar boartsje, mei-inoar groeie
Om’t De Lytse Lotus in gastâlderopfang is mei bern tusken de 0-12 jier, binne de leeftiidsferskillen grut. Neffens Froukje is dat gjin probleem. De âldere bern binne sljocht op de lytskes, en oarsom ek, seit se. Se sjocht hoe’t in pjut tusken de gruttere bern omstrúnt en hoe leaf en soarchsum dy mei de jongsten omgeane. “Ik hoech eins neat te dwaan”, laket se.
Froukje omskriuwt harsels as bêst strang. Neffens har soargje dúdlike grinzen foar rêst en romte. De bern witte wêr’t se oan ta binne en dêrtroch is der gelegenheid by’t soad foar leuke dingen. Foar disko bygelyks. Yn ‘e disko mei elk bern syn eigen ferske kieze. “Dan naait it der fansels út!”
De Lytse Lotus docht mei oan it projekt ‘Twatalige Gastâlderopfang’ fan SFBO. Sa’n 27 gastâlders hawwe dêr al oan meidien. In konsulint fan SFBO komt trije kear by de opfang del, ferspraat oer sa’n twa jier. Dy sjocht mei, jout feedback en hat materialen en praktysk advys. Oan ‘e ein krije gastâlders in sertifikaat foar harren dielname.
De Fryske taal hat dan ek in fêst plak by De Lytse Lotus. Froukje praat konsekwint Frysk en lêst graach foar út de boekjes fan Romke en Tomke. Froukje har hûntsje hiet ek Romke en is alle dagen op de opfang te finen. Froukje fynt it spitich dat de Tomke searje ophâlden is, mar foarearst hat se noch materialen by’t soad. En sa út en troch dûkt der op de rommelmerk ek noch in boekje op dat se sels noch net hat. Sa kin se noch jierren foarút.