Regeling Ynternasjonale kontakten foar skoallen

28 maart 2023

Fan 3 april oant en mei 26 oktober 2023 kin Fryske jongerein grinzen ferlizze mei de regeling Ynternasjonale kontakten fan de provinsje Fryslân. Mei dizze oanpaste regeling wol de provinsje ynternasjonale kontakten oangeande taal en kultuer tusken jonge Friezen en oare Europeeske taalregio’s finansjeel ienfâldich mooglik meitsje.

Doelgroep fan de regeling Ynternasjonale Kontakten bestiet út skoallen (fuortset ûnderwiis, mbû, hbû) en jonge teätermakkers, skriuwers, sjoernalisten, filmmakkers, dichters en muzikanten. De mearderheid fan de oanfregers moat jonger wêze as 30 jier. It doel fan de regeling is dat it Frysk úteinlik sjoen wurdt as ien fan de Europeeske talen. In taal dêr’t je fierder mei komme as de eigen grins.

Subsydzjebudzjet ferhege

Der is fan ‘t jier mear subsydzje beskikber, nammentlik € 20.000 yn totaal. Earder wie dat € 4.000. De reiskosten binne foar 100% subsidiabel (mei in maksimum fan € 4.500). Foar ferbliuwskosten yn de taalregio is der maksimaal € 2.800 beskikber. Ek is der subsydzje beskikber foar it organisearjen fan kulturele aktiviteiten mei fokus op Fryske taal as ien fan de Europeeske talen (maksimaal € 1.500). De subsydzje-oanfragen wurde behannele op folchoarder fan binnenkomst.

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje op https://www.fryslan.frl/fy/ynternasjonale-kontakten

Deel dit artikel:


To top
Regeling Ynternasjonale kontakten foar skoallen - Taalplan Frysk 2030