Ynspirearre troch de ferneamde byldzjend keunstner Escher, sloegen trije dosinten fan CSG Liudger Waskemar de hannen yninoar om Frysk kultuerbewustwêzen ta libben te bringen yn de klasse. Geeske van der Sluis (dosint Frysk en Taalryk-koördinator), Annemarije Travaille en Jacoba Krol (dosinten byldzjende foarming) namen de ûnderbou fan it tmbû mei op in kreative ûntdekkingstocht.
Kenst it wurk ‘Klimmen en dalen’? Dat byld wêryn’t rigen minsken sûnder ophâlden treppen op- en ôfrinne? Wêrby’tst tinkst: hoe dan? Sa’n konstruksje kin hielendal net boud wurde, mar dochs fikste Escher it. Dizze byldzjend keunstner wurke nammentlik graach mei wiskundige prinsipes, gesichtsbedroch en perspektyf. Yn 1898 waard Escher yn Ljouwert berne oan de Grutte Tsjerkestrjitte, yn in pân dat no ûnderdiel útmakket fan keramykmuseum Princessehof. Mochtst it museum nochris besykje, by de yngong hinget in reliëf fan Escher. As earbetoan. Dizze Escher waard op CSG Liudger Waskemar yn it ramt fan taal- en kultuerbewustwêzen in oantal wiken ûnderwerp fan ûndersyk, refleksje en ynspiraasje foar de learlingen fan de earste en twadde klassen. Mei bysûndere wurkstikken as resultaat.
Tarieding
“De learlingen út ‘e earste klasse krigen fan ús de opdracht om in kartonnen skuondoaze om te bouwen ta in museumseal mei oan ‘e wanden fiif keunstwurken fan Escher”, sa fertelt Annemarije Travaille yn de leararekeamer. De learlingen hiene de fiif keunstwurken op dat stuit al útsocht by it fak Fryske taal en kultuer. Van der Sluis: “De opdracht wie om fan fiif keunstwurken fan Escher in beskriuwing te meitsjen yn it Frysk.” As tarieding waarden de keunstwurken yn groepkes besjoen en beskreaunen de learlingen inoar wat se seagen. “As de tekst úteinlik op papier stie, mochten de learlingen as kontrôle www.frysker.frl brûke.”
QR-koades
Kollega Jacoba Knol wist hoe’tst QR-koades generearje kinst. “Op de bûtenkant fan de skuondoazen fynst no QR-koades. Ast dy skenst, komt de Fryske beskriuwing fan de learlingen foar it ljocht. Sa hawwe wy ûnferwachts wurke oan ICT-feardigens.” Yn ‘e lessen byldzjende foarming hiene de dosinten ûnderwilens de tekentechniken fan Escher behannele. “It tema foar it eigen wurk wie ‘ûneinichheid’, ynspirearre op Escher syn techniken.” De boaiem fan de skuondoaze tsjinne as eksposysjeromte foar it eigen wurk. “De miny-ezels wiene dêrfoar ideaal.” De learlingen reagearren entûsjast op dizze opdracht. “Der waard knipt en plakt, tekene en skreaun en it wurke op hiel ûnferwachte plakken.” Sa kuiere op in stuit in learling mei in fiks boek oer Escher it klasselokaal binnen. “Har pake hie it thús te stean. Se liet it grutsk oan de oaren sjen.”
Stomme film
De twadde klasse krige as opdracht mei om nei oanlieding fan in stomme film, – “dus in filmke dêr’t neat by sein wurdt” -, in poster te meitsjen. Learlingen koene kieze út ferskate filmkes, “mar it filmke oer de foks en de walfisk wie it populêrst.” Hoe’t de dosinten de lessen byldzjende foarming opboud hiene? Travaille: “De earste stap wie it kiezen fan in filmke. Dêrnei moasten se yn groepkes ûndersyk dwaan nei de achtergrûn fan it filmke. Wa hie it makke? Yn watfoar styl wie it filme? Dêrnei moasten se in mindmap meitsje yn it Frysk. Wat moast der op de poster komme? Hokker kleuren moasten brûkt wurde? En dan mochten se oan ‘e slach.”
Printeboek
Deselde filmkes waarden brûkt by de lessen Frysk, fertelt Geeske van der Sluis. De opdracht wie om in printeboek foar bern fan twa oant fjouwer jier by it filmke te meitsjen. Se hie by de Afûk noch wat foarbyldboekjes kocht foar ynspiraasje. “As it boekje foar âldere bern bedoeld is, dan mei dat, haw ik sein, mar set it der wol by.” De dosint woe net in ôfbeakene taakferdieling. “Ik haw se stimulearre om it ferhaal fan elkoar oer te nimmen. Dus as ien wat skreaun hie, mocht de oare fierder.” Dat jilde ek foar de yllustraasjes. Yn guon boekjes is dat kreas sa útfierd, mar der binne ek boekjes dêr’t de taakferdieling wat strakker west hat. “Om de twa wiken mochten de learlingen inoar op ’e hichte bringe fan de foarderingen. “Dan koene se stikjes tekst oan elkoar foarlêze en wat yllustraasjes sjen litte. Dan wie der ek romte foar opbouwende krityk.”
Frysk tintsje
Der ûntstiene prachtige wurkstikken. “Fansels sieten der ek wol wat mindere eksimplaren tusken, mar kinst sjen dat de measten der o sa’n nocht oan hiene om sels wat te kreëarjen.” De learlingen fûnen it ek leuk om de ferhalen in Frysk tintsje te jaan. Van der Sluis: “De haadpersoanen krigen ynienen Fryske nammen lykas Sibe, Geeske en Grytsje en sjochst dizze persoan? Hy hat by syn jaske in strik mei it patroan fan de Fryske flage.” Wurken de dosinten Byldzjende Foarming sa’n tsien wiken oan dy twa opdrachten, by it fak Frysk foldie seis wiken. “Alhoewol’t ik de groepkes yn tuskenoeren der ek noch faak mei dwaande seach.”
Mear fokus
Foar Travaille wie it de earste kear dat se Frysk prate yn de les byldzjende foarming. “Dat die mysels eins bêst in soad. It fielde sa eigen om yn myn eigen memmetaal mei de bern prate te kinnen en ik fûn it ek echt noflik om hearre te litten dat ik Frysktalich bin. Ik fielde my wis en krige der sels ek enerzjy fan.” Opfallend wie ek it gedrach fan Nederlânsktalige bern. “Dy hiene folle mear fokus as oars. Se moasten har echt ynspanne. Frysktalige bern fûnen it gewoan noflik om Frysk mei my te praten.” Oft se takom jier fierder geane mei in projekt? “Seker, it is ús prima befallen!”
Auteur en fotografy: Gerbrich van der Meer