It fak Fryske taal en kultuer stie gauris om kertier oer achten moarns op it roaster. Of krekt hielendal oan ’e ein fan ’e wike. En dochs, Lysanne Faber (16) gie der foar. De learlinge fan CSG Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer woe en soe it eineksamen Frysk helje. En dat slagge. De haviste hat de smaak te pakken. Har profylwurkstik (PWS) giet oer meartaligens.
In soad klasgenoaten wisten net iens dat ik Frysktalich wie, glimket Lysanne. ,,Ik bin ek sa wend om oer te gean op it Nederlânsk, ek mei myn freonen.” Dat hat seker mei de basisskoalle te krijen. ,,Yn Frjentsjer binne de basisskoallen hiel Nederlânsk fan karakter. Ik haw dêr eins noait Frysk praat.” Noch altyd begjint se op skoalle faak yn it Nederlânsk, ,,sels al wit ik dat de leararen Frysktalich binne.” Mar der is ien ferskil: ,,Ik bin my der no folle mear fan bewust.”
Fertroud
Lysanne komt fan Frjentsjer en is meartalich grutbrocht. ,,Us mem praat Frysk, ús heit Nederlânsk.” It Franekers is har ek fertroud. ,,Us beppe Ria Bakker is in Franeker. Se hat lykwols mei pake Durk har libben lang op in pleats yn Achlum wenne. Dat beppe praat mei my Frysk, lykas pake Durk.”
Lysanne fielt har fertroud by pake en beppe. ,,Se wenje no ek yn Frjentsjer. Ik wip der faak efkes oan.” Fan har neven en nichten is Lysanne hast de iennichste dy’t Frysk mei harren praat. ,,Ik hoech my dêr net oan te passen, mar kin gewoan mysels wêze. Dêrom fiel ik my der ek sa thús.”
Wurdboeken en grammatikaboekjes
Nei in lang boerelibben hat pake it no benammen drok mei it skriuwen fan stikjes foar it buertblêd of it tsjerkeblêd fan de mennisten. ,,Hy skriuwt dan bygelyks oer syn fytsfakânsjes yn binnen- en bûtenlân.” Har pake skriuwt hiel bewust yn it Frysk. ,,Dat hat er himsels oanleard.” By de Bakkers lizze de Fryske wurdboeken en grammatikaboekjes dan ek steefêst op tafel. Lysanne makke der de ôfrûne jierren handich gebrûk fan as se in opdracht hie foar it fak Fryske taal en kultuer yn klasse 1 en 2.
Pake syn ynteresse foar it Frysk sloech op Lysanne oer. Dat doe’t de dekaan oanjoech dat Frysk yn de fjirde klasse ek keazen wurde koe as ekstra eksamenfak, wist Lysanne it wol. Sy gie foar Frysk.
Heger tempo
En sa siet Lysanne, nei twa jier Frysk hân te hawwen, nei de simmerfakânsje ynienen mei twa jonges by dosinte Idske Bangma. Bangma: ,,Se wie sa motivearre en leargierich dat ik tocht, do kinst it fak miskien wol yn in heger tempo dwaan.” Dêr hie Lysanne wol earen nei. As se yn it fjirde jier al in eksamenfak dien hie, makke dat it eksamen it jier dêrop minder spannend en dan hie se daliks ek kompinsaasje, want se wist: skiekunde wurdt dreech.
Troch in soad jeugdliteratuer te lêzen gie it skriuwen en lêzen fan Lysanne mei sprongen foarút. Oan har ynteresse foar Fryske skiednis en Fryske kultuer, – ,,sa bysûnder hoe’t it Frysk ûntstien is,” -, koe de dosinte lykwols net hielendal foldwaan. Bangma: ,,We hawwe bot mei wurdskat, taal- en lêsbegryp wurke en dat hat alles te krijen mei de eintermen dy’t op dit stuit noch jilde. Lokkich komt der mei de nije kearndoelen en eintermen folle mear romte foar kultuerûndersyk en skiednis.”
PWS
Mei in moai sifer koe Lysanne har eksamen ôfslute. Dat smakke nei mear. En sa wurdt meartaligens it ûnderwerp fan har PWS. ,,Wat de sintrale fraach is? Ik bin meartalich grutbrocht en ik freegje my ôf oft dat ek helpt om oare talen te learen. Ik bin bêst wol goed yn Ingelsk. Soe dat dêrmei te krijen hawwe? Dêr wol ik ûndersyk nei dwaan.”
As Lysanne dit jier klear is mei har hafû, giet se nei Grins. ,,Op dit stuit tink ik oan de stúdzje Medische beeldvorming.” Mar safier is it noch net. Bangma: ,,As der in útstapke is fan de Fryske eineksamenkandidaten dat te krijen hat mei kultuer, dan wurdt Lysanne noch hieltyd útnûge!”
Auteur en fotografy: Gerbrich van der Meer