Fierder mei Frysk

  • Uitgelicht

Fierder mei Frysk is de jierlikse stúdzjemiddei foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en MBU. In kongres dêr’t dielnimmers fakynhâldlike ynspiraasje en kennis opdogge, kollega’s moetsje en meiprate oer it Fryske ûnderwiis.

Beskriuwing

Op dit kongres krije dosinten ynformaasje en skoalling oer ûntwikkelingen dy’t relevant binne foar it fak Frysk. Der binne sintrale presintaasjes en wurkwinkels dy’t hânrikkingen, ynsichten en foarbylden jouwe. Ek is der romte om ynformaasje, tips en trúks út te wikseljen mei oare dosinten. Dat lêste is wichtich om’t der op de measte skoallen mar ien dosint Frysk is. It kongres wurdt organisearre troch Cedin, de seksje Frysk fan de VLLT en de learareoplieding Frysk fan NHL Stenden Hegeskoalle.

Mear ynformaasje

Ynformaasje oer oanmelding en/of eardere edysjes fan Fierder mei Frysk fynst hjir.


To top
Fierder mei Frysk - Taalplan Frysk 2030