WOW Frysk 2030

Doch ynspiraasje op by it brûzjende WOW Frysk 2030 kongres. WOW is ít ûnderwiisevenemint foar pedagogysk meiwurkers, juffen, masters, dosinten, taalkoördinatoaren en direkteuren. Alle partijen dy’t harren dwaande hâlde mei Frysk en meartalich ûnderwiis organisearje mei-inoar in stúdzjemiddei mei ynspirearjende sprekkers, praktyske workshops en in merk mei boeken, apps en oare materialen.

Beskriuwing

  • Foar meiwurkers yn de foarskoalske sektor, primêr, spesjaal- en fuortset ûnderwiis én it middelber beropsûnderwiis;
  • Plenêre lêzingen en praktykfoarbylden oer Frysk en meartalichheid steane sintraal;
  • Tagong fergees.

Mear ynformaasje

Ynformaasje oer oanmelding en/of eardere edysjes fan WOW Frysk fynst hjir.


To top
WOW Frysk 2030 - Taalplan Frysk 2030