WOW Frysk ûnderweis 2025

WOW Frysk ûnderweis is it evenemint foar Frysk en meartalich ûnderwiis. WOW is der foar alle profesjonals yn it wurkfjild fan it foarskoalske en it primêr ûnderwiis om har ynspirearje te litten ta ryk taalûnderwiis. De edysje fan 2025 wie op 21 maaie yn Wergea en hie as ûnderwerp it nije kurrikulum Fryske taal en kultuer. Nijsgjirrich hoe’t it wie? Tsjek ús aftermovie!

Sintrale lêzing oer oankommende nije kearndoelen foar Fryske taal en kultuer

Yn de sintrale lêzing fertelde Ferdau Terpstra fan Cedin oer de oankommende nije kearndoelen foar Fryske taal & kultuer. It wolkom en de offisjele iepening troch deputearre Eke Folkerts en de sintrale lêzing binne filme en kinst weromsjen. De PowerPoint fan de sintrale lêzing stiet hjirûnder.


Presintaasjes wurkwinkels

Benijd nei de presintaasjes dy’t by de wurkwinkels jûn binne? Do kinst se hjirûnder dellade.

Wurkwinkels Foarskoalsk en ûnderbou pû/sbaû (0-6 jier)

1. Rike taalomjouwing? Gean nei bûten!

Troch: Maaike van der Ploeg

Bûten boartsje lokket learen út. Bûten is der nammentlik mear kâns op it brûken fan mear en dreger wurden. Foaral as dat ‘bûten’ natuerrike plakken hat. In bytsje grien is al genôch. Yn dizze wurkwinkel gean wy yn op hoe’t jonge bern (2-6 jier) rikere taal leare yn de natuer én hoe’sto dat as jongebern-profesjonal stimulearje kinst. Dizze wurkwinkel is geskikt foar pedagogysk meiwurkers en learkrêften foar de groepen 1-2.

2. Brûk dyn materiaal en ynrjochting as kapstok foar it Frysk

Troch: Mirjam van der Hoek

Materiaal en hoeken ropt altyd wat op en biedt yn elke faze fan de ûntwikkeling oare kânsen foar de taal. Yn dizze wurkwinkel gean wy yn op hoe’sto as jongebern-profesjonal dy kânsen foar it Frysk benutte en ferrykje kinst, mar ék hoe’st dêrmei it Frysk sichtber makkest. Dizze wurkwinkel is geskikt foar pedagogysk meiwurkers en learkrêften foar de groepen 1-2.

Wurkwinkels ûnderbou pû/sbaû (4-8 jier)

3. Boartsje dy Taalryk

Troch: Grietje van der Weg en Tim van Essen

Mear taal yn it boartsjen, mear boartsjen yn dyn taalaktiviteiten! Boartsje dy Taalryk nimt dy as learkrêft mei yn de ferbining tusken it boartsjen en de meartalige taal-tinkûntjouwing fan jonge bern. Yn dizze wurkwinkel komst yn ‘e kunde mei de krêft fan it langer yn ynteraksje wêzen mei jonge bern. Do learst hokker fragen de taal-tinkûntjouwing fan jonge bern stimulearje kinne en hoe’tst soargest foar in betsjuttingsfolle ynteraksje yn dyn spulbegelieding.

4. Lêsbefoardering mei Keimpe: pop up! 

Troch: Tjitske van Dijk en Wytske Bouwma

De wearde fan (foar)lêzen is by elk wol bekend, mar binne jim ek op ‘e hichte fan de wearde fan ynset fan in hânpop foar de wurdskat- en taalûntwikkeling? Yn dizze wurkwinkel rjochtsje wy ús op de meartalige taalûntwikkeling troch in pop yn te setten by it lêzen. Jim krije in byld fan hoe’tst mei lêsbefoardering oan de slach gean kinst troch dêr in hânpop in haadrol by spylje te litten. Helje de poppen mar fêst op ‘e lappen!

Wurkwinkels middenbou pû/sbaû (7-10 jier)

Troch: Janke Singelsma en Jacob Roep

Yn de Fryske Erfgoedwike rinne kultuer en ekspresje hân yn hân. Yn dizze workshop sille jim ûnderfine hoe’t folksferhalen mei muzyk, drama en byldzjende keunst yn jim groep ta libben komme. Nei dizze workshop geane jim nei hûs mei in Erfgoedkatern mei it folsleine projekt dat jim daliks yn’e klasse, mar ek skoallebreed brûke kinne. In poergeskikt projekt om it skoallejier fleurich ôf te sluten. Dizze wurkwinkel is ek geskikt foar de oare groepen.

6. Oan de slach mei Tsjil foar de middenbou

Troch: Tjitske van Akker

Lit dy meinimme yn de mooglikheden dy’t it tydskrift Tsjil foar de middenbou biedt en ûntdek hokker materialen en online tv-programma’s dêr hiel goed by passe. Ast no krekt mei Frysk begûn bist of dyn klasse kin al lêze en skriuwe yn it Frysk; foar alle nivo’s binne der praktyske tips om fierder mei Frysk te kommen. Moarn dalik oan de slach!

Wurkwinkels boppebou pû/sbaû (8-12 jier)

7. Lesmateriaal SjONG junior

Troch: Doete Stenekes en Jehannes Reitsma

SjONG junior is de Fryske muzykbattle foar basisskoallen. Dielnimmende klassen skriuwe ûnder begelieding fan Raynaud Ritsma en oare muzykprofesjonals in eigen liet. Wistesto dat by al dy lieten ek lesmateriaal ferskynt? Dat hat in filosofyske en talige ynstek en is brûkber by fakken as muzyk, boargerskip en Frysk; ek ast net meidochst oan it festival. Yn dizze wurkwinkel komst yn ‘e kunde mei dat lesmateriaal en ûntdekst hoe’tst it yn ‘e klasse brûke kinst. Fansels hearst ek hoe’t it oanslút by Taalekspresje, Domein D fan de nije kearndoelen foar Frysk.

8. Frysk yn de Gouden wiken

Troch: Maike Rea en Sietske Jongsma

Troch it brûken fan, ûnder oaren, energizers en koöperatieve wurkfoarmen wurdt yn de earste seis wiken fan it jier de groepsfoarming sa goed mooglik stimulearre. De talige identiteit van elts bern yn de groep bepaalt in belangryk part fan de eigenens van elts bern. It meiïnoar neitinken en praten yn de taal wêryn it bern har it noflikste útdrukke kin, kin in moai ûnderdiel wêze fan de Gouden Wiken. Yn dizze wurkwinkel krijst konkrete wurkfoarmen om mei oan de slach te gean. Dizze wurkwinkel is ek geskikt foar de oare groepen.

9. Yntegrearre taalûnderwiis mei Spoar 8

Troch: Marije Hoogland en Skelte Anema

Hoe kinst it fak Frysk yntegrearje yn it besteande lesprogramma en net allinnich as los fak oanbiede? Yn dizze wurkwinkel learst hoe’tst it materiaal fan Spoar 8 yntegrearje kinst yn dyn besteande lesprogramma neffens de Fak Taal Formule. Troch fakynhâld en taal doelbewust te ferbinen, soargest mei dizze oanpak foar effisjint en betsjuttingsfol Frysk en meartalich ûnderwiis. Krijst praktyske hanfetten en ynsjoch yn hoe’tst fuortendaliks mei dizze metoade yn ‘e klasse oan ‘e slach kinst. Dizze wurkwinkel is ek geskikt foar de oare groepen.

Wurkwinkels foar direkteuren, IB-ers en taalkoördinatoaren

10. De nije kearndoelen Fryske taal en kultuer: wat betsjut dat foar it ûnderwiis op ús skoalle(n)?

Troch: Ferdau Terpstra en Fardau Visser

Yn dizze wurkwinkel sil elke dielnimmer oan ‘e slach mei in analyze: yn hokker mjitte slút it nije kurrikulum al oan by de eigen praktyk en hokker útdagings stean der oan te kommen? Ek diele we belangrike tûkelteammen en nijsgjirrige advizen fan leararen en skoallieders dy’t belutsen west ha by de útprobearfase. It doel fan de wurkwinkel is dat dielnimmers witte wat ymplemintaasje op de eigen skoalle ynhâlde sil, mar ek ideeën krije oer hoe’t dat oanpakt wurde kin. De wurkwinkel is tige geskikt om tegearre mei in kollega te folgjen.

11. Fryske taal en kultuer yn prosesrjochte en betsjuttingsfol ûnderwiis

Troch: Albert Walsweer en Anja Morsink

Hoe meitsje wy fan it leargebiet Fryske taal en kultuer in betsjuttingsfol ûnderdiel fan it skoaleigen kurrikulum? Yn dizze wurkwinkel ûndersykje wy hoe’t de prosesrjochte didaktyk en de nije kearndoelen har ta inoar ferhâlde. Yn de wurkwinkel passe we kreative wurkwizen ta om ta taal- en tinkekspresje te kommen. Dit jout tapasbere hanfetten foar de praktyk om op in prosesrjochte wize ynfolling te jaan oan kreatyf en yntegrearre taalûnderwiis.

Weromsjen op WOW Frysk ûnderweis 2023, klik hjir.

To top
WOW Frysk ûnderweis 2025 - Taalplan Frysk 2030