Albert Walsweer, bysûnder lektor Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis, wie op sneon 21 februari 2026 te gast by De Taalstaat op NPO Radio 1 en hie in koart petear mei presintator Ronald Giphart oer de aktualisearre kearndoelen Fryske taal & kultuer. Yn de media lei de klam earst benammen op de “ferplichting”, mar dy is der fansels al jierren: sûnt 1980 (primêr ûnderwiis) en 1993 (ûnderbou fuortset ûnderwiis).
Yn it petear besocht Albert foaral te fertellen wat der wier nij is oan dizze kearndoelen, en wat de útdaging wurdt foar leararen en learlingen yn de kommende jierren.
Benijd? Lústerje it fragmint hjir.