De boer op! Dat is is tema fan de kommende Erfgoedwike yn juny. Yn dit tredde projekt fan de Trije Topprojekten stiet it Frysk erfgoed sintraal. We wolle mei de bern om ús hinne sjen yn de eigen omjouwing: Hoe is it no? Hoe wie it doe? Wat is oars en wat is itselde. Hoe is dat sa kommen? En wat betsjut dat foar my?
Yn it tema ‘De boer op!’ geane de bern op úndersyk út. Wat is der fan de buorkerij te sjen yn de eigen omjouwing? Hoe sjogge keunstners nei de buorkerij en it lânskip? Wat bart en barde der allegear op in pleats? En wat betsjut de pleats en de buorkerij foar de mienskip en foar dy?
Der binne moaie magazines makke mei ynspirearjende aktiviteiten foar ûnder- en boppebou. Oan ‘e hân fan kreative aktiviteiten sille de bern oan ‘e slach mei erfgoed en mei taal. In moaie kâns om no al op in goede manier te wurkjen oan de nije kearndoelen foar Fryske taal en kultuer!
Skoallen dy’t harren opjouwe foar de Erfgoedwike krije ien of beide magazines fergees tastjoerd. De materialen komme ein maaie beskikber op de webside en bliuwe dat ek, sadat skoallen ek op in letter momint (nochris) mei it tema en de materialen oan ‘e slach kinne.
Oanmelde foar de Erfgoedwike kin fia de webside fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis: www.inspirerendmeertaligonderwijs.nl/erfgoedwike.