Op Aeres Snits hinget in grutte plattegrûn fan in diel fan Fryslân yn de skoalle. By de plakken dêr’t learlingen weikomme, steane flachjes. Sa sjochst yn ien eachopslach wêr’t elkenien wennet. In simpel idee, mar mei in grutte edukative wearde.
Dit inisjatyf, betocht troch in dosint, wurdt aktyf brûkt yn de lessen. By Fryske taal en kultuer, mar ek by boargerskip of maatskippijlear, biedt de kaart in moaie yngong foar petearen en opdrachten. Learlingen sjogge harren eigen plak op ’e kaart en wurde har mear bewust fan harren eigen omjouwing, taal en regio.
It makket it ûnderwiis konkreet en tichtby. Wêr komst wei? Hokker taal wurdt dêr sprutsen? Wat witsto fan dy omjouwing? Troch dit soarte fragen ûntstiet der ferbining – mei de lesstof én mei elkoar.
It moaie is: dit kinst ek dwaan op dyn eigen skoalle. It freget net folle, mar leveret in soad op. In sichtber en tagonklik middel om taal en identiteit in plak te jaan yn de skoalle.
Aeres Snits lit sjen hoe’tst mei in ienfâldich idee it ferskil meitsje kinst.
Wolsto ek mear dwaan mei Fryske taal en bewustwêzen op skoalle? Lit dy ynspirearje en nim kontakt op mei Taalplan Frysk 2030 foar ideeën en stipe.