Tiisdei 21 april 2026 wie in spannende dei foar learlingen fan PrO de Diken yn Snits. Op it poadium yn de biblioteek yn de stêd mochten sy harren sels skreaune fers foardrage.
Yn de wiken nei de finale ta, hawwe de learlingen ûnder begelieding fan keunstner Alexander Moto oan de gong west mei harren teksten. De teksten mochten skreaun wurde yn de taal fan it hert. Dêrneist wie der oandacht foar de presintaasje op it poadium en dat hat fertúten dien!
Der wiene 10 geweldige optredens en de bêste twa gean troch nei de provinsjale finale dêr’t learlingen fan alle PrO-skoallen út Fryslân oan mei dogge.