Helje de Berneboeke-ambassadeur yn de klasse!

27 maart 2023

Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen, dy’t krektlyn it stokje oernommen hat fan Lida Dykstra, sil  har de kommende jierren benammen rjochtsje op lêsbefoardering yn it fuortset ûnderwiis. Sy komt fergees by dy op skoalle del en fertelt oer har wurk en de kânsen dy’t de Fryske taal biedt.

Wurkwinkel op skoalle

Dêrnei set sy útein mei in nijsgjirrige, aktive én gesellige wurkwinkel. Hoe’t dy derút sjocht? Dat is foar in grut part oan dy. Tink oan it skriuwen fan in koart ferhaal oer de nacht, oan de hân fan in stappeplan. Of it betinken fan in krêftige slogan op basis fan in boek. Bygelyks it boek Wurden fan Timo, dat oer rou giet, wat wer oanlieding wêze kin foar in (spoken word) gedicht. Fansels kin it ek wat luchtiger; wat tinkst bygelyks fan in leske oer ferlechjes? Humor, oerdriuwe en “lige” liede ta koarte hilaryske ferhalen.

Mear ynformaasje

Nijsgjirrich wurden?  Mear ynformaasje óf fuortendaliks boeke kin op https://berneboekeambassadeur.frl/nugje-de-bba-ut/

Foto: Natalia Balanina

Deel dit artikel:


To top
Helje de Berneboeke-ambassadeur yn de klasse! - Taalplan Frysk 2030