Jou dyn taal de romte – tink mei oer Frysk 2051

16 septimber 2025

Hoe sjochsto de takomst fan it Frysk? It Steatekomitee Frysk wol yn ‘e mande mei alle Friezen – binnen en bûten Fryslân – wurkje oan in ynspirearjend útstel foar de Fryske taal en kultuer yn 2051.

💬 Diel dyn ideeën, soargen of dreamen fia Stim fan Fryslân of Instagram Stim fan Fryslân.

📅 Meidwaan kin oant yn maart 2026 – sa faak ast wolst!

🔍 Dyn input wurdt iepenbier dield en ferwurke yn in konseptinisjatyfútstel dêr’tst wer op reagearje kinst yn it neijier fan 2026.

Mei-inoar meitsje wy fan Fryslân in écht twatalige provinsje. Doch mei en lit dyn stim hearre!

👉  Mear witte of direkt meidwaan? Sjoch op: Jou dyn taal de romte

Deel dit artikel:


To top
Jou dyn taal de romte - tink mei oer Frysk 2051 - Taalplan Frysk 2030