Marije Reitsema wint Fryske foardrachtwedstriid FeRstival

Marije Reitsema út Bûtenpost hat de 78e edysje fan FeRstival wûn, de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn De Harmonie yn Ljouwert makke sy de measte yndruk op de sjuery mei har foardracht fan it gedicht ‘Ferlegen’ fan Elske Kampen.

De finale fan FeRstival hie al earder plakfine sillen, op 11 desimber 2021. Fanwegen corona moast it útsteld wurde nei 9 april. De dielnimmers dy’t yn novimber de foarrondes oerlibbe hiene, moasten foar hjoed in nij gedicht út ‘e holle leare en sa moai mooglik foardrage. Dat waard yn de heechste kategory, de Toppers, it bêste dien troch Marije Reitsema, learling fan it Lauwers Kolleezje yn Bûtenpost. “Marije keppele harsels oan de wurden en makke sa fan it gedicht en de foardracht wat unyks,” sei sjueryfoarsitter Arjan Hut.

Renske Mud fan Singelland VHS Drachten oan it foardragen

Yn de kategory ‘Trochsetters’, foar twadde- en treddeklassers, wie it earste plak foar Danian van der Mossel út Feanwâlden. Hy die dat mei it gedicht ‘Panyk’ fan Tsjits Peanstra. By de ‘Starters’, foar earsteklassers, droech Benthe Kuipers út De Harkema it moaiste foar, mei it fers ‘Rein’ fan Berber Spliethoff. Der diene 30 dielnimmers oan de finale mei, op de foarrondes kamen yn totaal 80 dielnimmers ôf. 

Jongerein en Fryske poëzij

FeRstival waard yn 1942 troch de Fryske Underwiisrie ynsteld. Doel wie om de belangstelling te befoarderjen foar poëzy, en dan benammen foar de Fryske. De inisjators fûnen it ek wichtich dat learlingen ûnderfine hoe’t it is om op in poadium te stean. Yn al dy jierren hawwe hiel wat pubers meidien dy’t it letter makke hawwe op de planken. Tink oan Rients Gratama, Nynke Laverman, Tet Rozendal en Theun Plantinga.

Groepsfoto winners FeRstival 2021+1

Alle winners fan 2021(+1):

Starters (earsteklassers)

  1. Benthe Kuipers – Singelland Drachtster Lyseum
  2. Jildou Reitsema – Lauwers Kolleezje Bûtenpost
  3. Jelienke Holwerda – Beyers Naudé Ljouwert

Trochsetters (twadde- en treddeklassers)

  1. Danian van der Mossel – Liudger Burgum
  2. Renske Mud – Singelland VHS
  3. Noëz Witteman – Beyers Naudé Ljouwert

Toppers (fjirdeklassers en heger)

  1. Marije Reitsema – Lauwers Kolleezje Bûtenpost
  2. Monisha van der Veen – Beyers Naudé Ljouwert
  3. Sjirk Boonstra – Beyers Naudé Ljouwert