It tal learlingen dat eineksamen Fryske taal en kultuer docht, is bot tanaam. Twahûndert learlingen skreaune har dit jier yn foar it eksamen, in grutte taname yn ferliking mei foarich skoaljier, doe’t it der noch 147 wiene. De groei is in gefolch fan it stigende oantal skoallen dat it fak as eksamenfak oanbiedt. Ferline skoaljier wiene dat der noch tsien, dit skoaljier binne it der fjirtjin.
Tjeerd Kooistra, foarsitter fan de fakseksje Frysk fan de Vereniging van Leraren Vreemde Talen (VLLT) en dosint Frysk op CSG Liudger Burgum en Havotop Burgum, kin it sukses wol ferklearje: ‘Der wie altyd in soarte fan patstelling tusken oanbod en ynteresse. De ynteresse om it fak te kiezen wie der wol ûnder learlingen, mar as dyn skoalle it fak net oanbiedt, falt it simpelwei net te kiezen. No’t mear skoallen it fak yn de boppebou op it roaster sette, sjochst dat it tal eksamenlearlingen omheech giet.’
De learlingen hawwe allegearre harren eigen reden foar it folgjen fan it eksamenfak Fryske taal en kultuer. Guon wolle harren memmetaal better behearskje, oaren tinke dat se mei dit fak makliker it eksamen helje sille al is dat mar de fraach fansels, wer oaren fine it fak gewoan nijsgjirrich of wolle harren kânsen op de arbeidsmerk fergrutsje.
Dosinten Frysk binne bliid mei de belangstelling foar it fak, neffens Kooistra, mar wize ek op de needsaak fan foldwaande kwalifisearre dosinten. ‘As de fraach omheechgean bliuwt hawwe wy mear dosinten nedich.’ De Provinsje Fryslân en it Ryk holden dêr rekken mei by de ôfspraken dy ’t se makken yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024-2028. Op basis dêrfan is yn jannewaris de kampanje Jou Frysk, omdatst joust om it Frysk fan start gien. Dy kampanje entûsjasmearret (takomstige) learkrêften en dosinten om it foech Frysk te heljen.
Mei it projekt Taalplan Frysk 2030 sette de Provinsje Fryslân yn 2021 al in nije koers yn wat it Fryske ûnderwiis oanbelanget. Foar it fuortset ûnderwiis binne der twa ambysjes: uterlik yn 2030 moat it fak Frysk yn de ûnderbou op foldwaande nivo oanbean wurde, dus neffens de fernijde kearndoelen dy’t Provinsjale Steaten koartlyn fêststelden. En uterlik yn 2030 moatte alle learlingen yn Fryslân yn alle gefallen de mooglikheid hawwe om Fryske taal en kultuer as eksamenfak kieze te kinnen. De nije koers liket te wurkjen, noch nea earder sûnt de ynfiering fan de mooglikheid ta Frysk as eksamenfak (1974) wie der safolle ynteresse.
Foto: Robert Heemskerk
Eksamenlearlingen ôfrûne jierren
| jiertal | learlingen |
| 2011 | 46 |
| 2012 | 66 |
| 2013 | 68 |
| 2014 | 84 |
| 2015 | 85 |
| 2016 | 103 |
| 2017 | 110 |
| 2018 | 138 |
| 2019 | 146 |
| 2020 | 145 |
| 2021 | 137 |
| 2022 | 156 |
| 2023 | 176 |
| 2024 | 135 |
| 2025 | 147 |
| 2026 | 200 |