Meld dyn skoalle oan foar it Skoaleksamen Frysk 2023

21 maart 2023

It is wer tiid foar it Skoaleksamen Frysk 2023. In moaie kâns om in yndruk te krijen fan it útstreamnivo Frysk fan de learlingen fan dyn skoalle. Oanmelde foar it skoaleksamen Frysk kin oant en mei 11 maaie 2023.

2 nivo’s

It eksamen is beskikber yn twa nivo’s: in A- en in B-nivo. It A-eksamen bestiet út in harktekst en in Frisiatoets. De B-ferzje fan it eksamen hat dêrneist ek in lêstekst en in diktee. Beide eksamens wurde klearsetten yn de digitale learomjouwing fan it eksamen.

As learkrêft kinsto sels in kar meitsje hokker eksamen as it bêste past by de ferskillende learlingen en by dyn skoalle. It ôfnimmen fan it skoaleksamen kin yn ‘e perioade fan 29 maaie o/m 12 juny 2023.

Oanmelde

Sjoch foar mear ynformaasje en oanmelde op: https://grip.frl/skoaleksamen-frysk-2023/

Deel dit artikel:


To top
Meld dyn skoalle oan foar it Skoaleksamen Frysk 2023 - Taalplan Frysk 2030