Nij Frysk taalspul ‘Ien wurd’ feestlik útrikt oan bern yn De Lemmer

05 maart 2026

DE LEMMER – Op Daltonskoalle Sint Jozef yn De Lemmer is hjoed it nije Fryske taalspul Ien wurd feestlik presintearre. De earste eksimplaren fan it spul waarden útrikt oan fiif learlingen út groep 8. De bern mochten it spul fuortendaliks útprobearje yn de klasse.

Ien wurd is in kreatyf en tagonklik taalspul dat bern op in boartlike wize Frysk leare lit en it Frysk praten stimulearret. By it spul moatte spilers wurden beskriuwe, riede en mei-inoar ferbine mei mar ien wurd. Dat freget om kreativiteit, taalgefoel en gearwurking. It spul helpt bern om harren Fryske wurdskat te fergrutsjen en makket Frysk praten fanselssprekkend yn de klasse.

It spul is ûntwikkele troch Annelies Brouwer en Meindert Tjerkstra yn gearwurking mei Semko. By de ûntwikkeling waard ek meitocht troch Dirkje Elgersma, Grietje van der Weg, Sita Postma en Skelte Anema. It projekt is útfierd yn it ramt fan Taalplan Frysk 2030, yn opdracht fan Provinsje Fryslân.

Daltonskoalle Sint Jozef waard keazen foar de earste útrikking omdat de skoalle prachtige stappen makket yn it projekt Taalplan Frysk 2030 en aktyf wurket oan it fersterkjen fan it Frysk yn it ûnderwiis.

De learlingen reagearren entûsjast op it spul. Se hienen de regels fluch yn ’e gaten en woenen nei de earste omgongen graach fierder spylje. Ien fan de bern sei nei ôfrin: “Ik wol dit ek thús dwaan.”

Ien wurd hat trije ferskillende nivo’s – maklik, trochsnee en dreech – sadat it spul meigroeit mei de spilers. It kin brûkt wurde yn it primêr ûnderwiis, by Frysk taalûnderwiis, by taalstipe en ek gewoan thús mei it gesin. It spul is de ôfrûne moannen ûntwikkele en is no beskikber foar skoallen en húshâldings. Ien wurd kostet €24,99 en is te krijen fia de webwinkel fan de Afûk, de webside fan Taalplan Frysk en fia Semko.

Deel dit artikel:


To top
Nij Frysk taalspul ‘Ien wurd’ feestlik útrikt oan bern yn De Lemmer - Taalplan Frysk 2030