De Aktualisaasjekommisje Eksamens Frysk is op 12 jannewaris 2023 lêstlyn oan de slach gien. Nei dy Startdei hat de earste Twadaagse plakfûn op 14 en 15 febrewaris 2023. It earste op te leverjen Tuskenprodukt, de Karakteristyk fan it ûnderwiis Frysk stiet yn de earste laach grûnferve. Dus de kommisje is los. Mar dan wol mei in kommisje dy’t noch net op folle sterkte is.
De kommisje mist noch twa kollega’s mei saakkundigens oer en ûnderfining yn it vmbo. Dêrom is der oant 7 april 2023 in twadde wervingsronde geande. Dy bringe wy graach ûnder de oandacht. Tinksto mei oer wat learlingen yn de boppebou fan it fuortset ûnderwiis leare moatte? Sjoch foar mear ynformaasje: https://www.slo-vakvernieuwingscommissies.nl/slo-zoekt-leraren/
It doel is dat de kommisje mei yngong fan it nije skoaljier kompleet wêze sil. Goede, nije eksamens Frysk: dêr binne meibetinkers út alle skoalsoarten/learwegen by nedich.
By fragen oer de kommisje kinst kontakt opnimme mei Gerrit Hoekstra fia aldtsjerk@hetnet.nl.