Dosinte-oplieding Frysk bachelor

  • Uitgelicht

Learare-oplieding Frysk dy’t liedt ta it twaddegraads foech. Do meist lesjaan yn de ûnderbou fan vmbo, havo en vwo en yn it mbû. Kinst de oplieding folgje yn folsleine tiid of yn dieltiid.

Beskriuwing

Hasto ynteresse om de dosinte-oplieding Frysk te dwaan? Freegje dan in oriïntearjend petear oan mei Babs Gezelle Meerburg fan de learare-oplieding Frysk fan NHL Stenden Hegeskoalle en ynformearje nei de mooglikheden. Der binne prachtige opsjes, want hasto bygelyks al heard fan de kombinaasjeoplieding Nederlânsk/Frysk of it folgjen fan losse modulen fan de oplieding lykas jeugdliteratuer of taalfeardigens?

Mear ynformaasje

Sjoch op de webside fan NHL Stenden of op JouFrysk.frl.


To top
Dosinte-oplieding Frysk bachelor - Taalplan Frysk 2030