SjONG

Hawwe jim muzikaal talint op skoalle? Jou se op foar it evenemint SjONG. SjONG is in twajierliks Frysktalich sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand popnûmer. Dêrmei dogge se audysje.

Beskriuwing

Audysje dwaan foar SjONG kin as band, duo of solist. De dielnimmers begeliede harsels of sjonge mei in orkestbân. De bêste dielnimmers fan de foarrondes geane troch nei de finale. In eigen fideoregistraasje, muzykworkshops fan bekende Fryske muzikanten en yn de spotlight op in grut poadium stean? SjONG hat it allegearre!

  • SjONG wurdt elk ûneven jier organisearre.
  • Folgje de online les ‘Songtekst skriuwen’ op sjong.frl of doch it projekt SjONG! op Searje 36.

Mear ynformaasje

Sjoch op www.sjong.frl.


To top
SjONG - Taalplan Frysk 2030