Triedsjes nei it ferline

Eltsenien bewarret foarwerpen dy’t foar him of har belangryk binne. Oan dy foarwerpen sitte ferhalen fêst. Mei it lesprogramma ‘Triedsjes nei it ferline’ sykje wy mei learlingen nei dy ferhalen. En dêrmei op syk nei it triedsje dat ús ferbynt mei it ferline.

Beskriuwing

Eltsenien bewarret foarwerpen dy’t foar him of har belangryk binne. Oan dy foarwerpen sitte ferhalen fêst. Mei it lesprogramma ‘Triedsjes nei it ferline’ sykje wy mei learlingen nei dy ferhalen. En dêrmei op syk nei it triedsje dat ús ferbynt mei it ferline. Elts ‘triedsjes’-programma begjint mei in gastles op skoalle. Dêr lit ien fan ús edukaasjemeiwurkers foarwerpen sjen út de kolleksje fan Tresoar en fertelt hy of sy it ferhaal dat by dy foarwerpen heart en wat de link is mei de skiednis fan it doarp of de stêd dêr’t de skoalle stiet. Fan de foarwerpen dy’t de learlingen meinaam hawwe kin dêrnei in tentoanstelling makke wurde. Dit projekt wurket mei in leskoffer, dêr’t materiaal út de omkriten fan de skoalle yn sit. Eltse kear in oare skoalle betsjut dat it materiaal net altyd itselde is. Wy prate mei de learlingen oer de foarwerpen en meitsje der in klasseopdracht fan.

Mear ynformaasje

Sjoch op de webside fan Tresoar of nim kontakt op fia educatie@tresoar.nl.


To top
Triedsjes nei it ferline - Taalplan Frysk 2030