LinKk is it iennige echte Fryske tydskrift foar jongerein. It stiet fol ynterviews, celeb-roddels, gamenijs, muzykberjochten en oare aktuele LinKke saken en wurdt spesjaal makke foar it fak Frysk yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. LinKk ferskynt fiif kear yn it skoaljier, alle kearen ynklusyf in katern mei byhearrende opdrachten.
De 5 tema’s fan LinKk binne deselde tema’s as yn de lesserige fan Searje 36. By elk tydskrift ferskynt in katern mei byhearrende opdrachten. Dy opdrachten passe fansels foar in grut part by it nijste nûmer, mar der stean ek opdrachten yn op it mêd fan stavering, taalfeardigens, ynformeel prate en yn petear. Guon skoallen brûke it tydskrift yn kombinaasje mei it fysyke katern. Oaren brûke it tydskrift yn kombinaasje mei Searje 36, want in protte opdrachten út it katern ferskine ek yn Searje 36.
Sjoch op www.linkk.frl.