De Provinsje Fryslân hat as oerkoepeljend doel foar de beliedsperioade 2025-2028 yn de BFTK 2024-2028 beskreaun: ‘Alle Fryske bern en jongerein moatte de kâns krije om folweardich twatalich en taalfeardich yn it Frysk te wurden. Dat stelt alle learlingen by steat om yn harren jonge jierren en letter yn harren sosjale en wurkjende libben optimaal yn de twatalige Fryske mienskip mei te dwaan.’ Kennis en feardichheden yn Fryske taal en kultuer binne basisfeardichheden en it gebrûk meitsjen fan de taalfeardigens Frysk fan learlingen mei Frysk as memmetaal draacht by oan likense kânsen yn it ûnderwiis.
Foar it spesjaal ûnderwiis is de haaddoelstelling: Alle skoallen (dy’t yn it Fryske taalgebiet falle) hawwe oandacht foar de thústaal fan it Fryske bern.
It is de bedoeling dat dizze doelstelling mei it ûnderwiisfjild mear foarm krije sil. Yn 2023 is dêrom in earste mjitting dien om te sjen wat der mei it Frysk yn it (fuortset) spesjaal ûnderwiis dien wurdt. De resultaten dêrfan binne hjir te lêzen. Alle skoallen hawwe yn dizze perioade in skoalstiper tawiisd krigen. De skoalstiper hâldt kontakt mei de skoallen. Skoallen kinne in berop dwaan op de skoalstiper om mei te tinken oer hoe’t it Frysk yntegrearre wurde kin yn de skoalle.
Tegearre kin sjoen wurde nei hoe’t de winsken en suggestjes dy’t der lizze it bêst oppakt wurde kinne. Boppedat kin de skoalstiper de skoalle ek advisearje yn it meitsjen fan in kar út it beskikbere oanbod fan materiaal, útstapkes, oplieding, neiskoalling en it yn wurk setten fan in plan foar it fersterkjen fan de Fryske taal en kultuer op skoalle. Foar it bekostigjen dêrfan is de subsydzjeregeling Frysk foar no en letter beskikber. De skoalstiper kin meitinke yn it oanfreegjen dêrfan. Yn gearwurking mei it ûnderwiisfjild wurdt der op dit stuit wurke oan in aktualisaasje fan de kearndoelen.
Om it proses fan it yn wurking stellen fan de Fryske taal en kultuer goed te folgjen, wurdt de kommende jierren yn opdracht fan de provinsje fierder ûndersyk útfierd troch it lektoraat Meertaligheid & Geletterdheid fan NHL Stenden. Skoallen wurde frege om aktyf oan dat ûndersyk mei te dwaan. Foar mear ynformaasje kin kontakt socht wurde mei mefrou Nynke Anna Varkevisser fan NHL Stenden Hogeschool fia nynke.varkevisser@nhlstenden.com.
It projekt Taalplan Frysk 2030 soarget foar de begelieding fan skoallen by it fersterkjen fan it oanbod Frysk yn it ûnderwiisprogramma. Sa is der foar eltse skoalle in “skoalstiper ”. De skoalstiper is in fêst kontaktpersoan dy’t benadere wurde kin troch skoallen om mei te tinken yn it proses.
Skoallen kinne bygelyks ynsette op:
Gearkomst bewustwurding
De skoallen kinne derfoar kieze om earst yn te setten op bewustwurding. Wat makket it sa wichtich dat it Frysk en meartaligens in plak krije op skoalle? En op hokker wize kin it Frysk yn meardere fakken yntegrearre wurde, sadat it Frysk en meartaligens in sichtber en fanselssprekkend ûnderdiel fan it ûnderwiis wurde?
Projekt Keunstryk
In projekt fan Keunstryk bringt meartalich taalûnderwiis en kultueredukaasje byinoar yn in kreatyf en iepen learproses. Bern ûntwikkelje taal, ferbyldingskrêft en eigenaarskip troch te ûntdekken, te meitsjen en te reflektearjen. Keunstryk slút oan by de leefwrâld fan de bern en ûntstiet yn ko-kreaasje fan skoalle, keunstner en skoalstiper;
Begelieding in it brûken fan sKÂNS 5
Begelieding troch meitinken, ynspiraasje en praktyske hânfetten, sadat de metoade op in duorsume en effektive wize ynset wurde kin;
Wurkwinkel Meartaligens yn de gouden wiken
Yn dizze wurkwinkel stiet it katern Meartaligens yn de Gouden Wiken sintraal. Der wurdt sjoen nei hoe’t it brûken fan de thústaal fan bern de groepsfoarming en it taalbewustwêzen fersterkje kin. Mei praktyske foarbylden wurdt sjen litten hoe’t meartaligens in plak krije kin yn de start fan it skoaljier.
Fyzjegearkomst
Yn dizze gearkomst stiet it foarmjaan fan in mienskiplike fyzje sintraal. Dit jout dúdlikens, fersterket it draachflak en biedt rjochting oan de oanpak binnen de skoalle. Sa wurket it team mei-inoar oan in sichtber, gearhingjend en duorsum plak foar it Frysk yn it ûnderwiis.
De ûnderbou fan S(B)Û skoallen kin ek gebrûk meitsje fan in memmetaalsprekker. Memmetaalsprekkers binne frijwilligers dy’t 1 of 2 kear yn de wike in deidiel op skoalle komme om yn de beukerklasse Frysk te praten mei de bern en aktiviteiten yn it Frysk dogge (lykas foarlêze en sjonge).
It is belangryk om learlingen, âlden en learkrêften bewust te meitsjen fan de mearwearde fan ûnderwiis yn en oer de Fryske taal en kultuer en meartaligens. Dêrom sette wy as projekt Taalplan Frysk 2030 yn op ferskate aktiviteiten en eveneminten. Krekt as de reguliere skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis kinne skoallen foar (fuortset) spesjaal ûnderwiis meidwaan oan aktiviteiten lykas SjONG junior of SjONG en FeRstival. Foar learkrêften is der alle twa jier in ûnderwiiskongres (WOW) om har ynspirearje en ynformearje te litten oer de nije ûntjouwings as it giet om metodiken en materiaal.
Sjoch foar alle eveneminten yn de Aginda. Dêrneist is der omtinken foar it sichtber meitsjen fan it Frysk yn en om de skoalle. Besjoch it Oanbod op dizze webside.
Learkrêften en dosinten yn it spesjaal ûnderwiis kinne meidwaan oan de kursus Klasse Frysk. Dy basiskursus bestiet út acht ynspirearjende lessen dêr’t kursisten praktyske tips krije om de lessen Frysk sels op maat mei te meitsjen.
De tema’s binne taalsosjology, berne- en jongereinliteratuer, skiednis, materiaal en oanbod. Dêrneist wurkje de kursisten oan de Fryske taalfeardigens. Sjoch foar in folslein oersjoch fan oplieding en neiskoalling op de side Oanbod.
Om it Frysk as memmetaal fan in soad learlingen in folweardich plak yn it ûnderwiis te jaan, is passend en oantreklik lesmateriaal essinsjeel. Dêrom sette wy ús binnen it projekt Taalplan Frysk 2030 yn foar in breed en ôfwikseljend oanbod fan sawol fysike as digitale materialen. Foar alle leeftiidsgroepen binnen it spesjaal ûnderwiis is passend materiaal beskikber.
Tink bygelyks oan Fryske lêsboeken op ûnderskate nivo’s en oer útienrinnende, oansprekkende tema’s. Ek is der foar de middenbou en boppebou in tiidskrift beschikber: Tsjil. Dit is in Frysk tydskrift/ûnderwiisprojekt dat beskikber is foar de middenbou en de boppebou. Yn Tsjil stean bygelyks nijs, ferhalen, gedichten, puzels en opdrachten.
Spesjaal foar it spesjaal ûnderwiis is de metoade sKÂNS 5 ûntwikkele. Dy metoade bestiet út fiif werkenbere tema’s dy’t goed oanslute by de belibbingswrâld fan learlingen en in weardefolle oanfolling foarmje op it besteande ûnderwiisoanbod. Alle skoallen hawwe de metoade krigen, ynklusyf tagong ta de digitale materialen dy’t dêrby hearre.
Oan it begjin fan skoaljier 2026 -2027 ûntfange alle skoallen foar (fuortset) spesjaal ûnderwiis it katern ‘Meartaligens yn de Gouden Wiken’. Dat katern is bedoeld foar learkrêften dy’t wurkje mei meartalige learlingen en de krêft fan meartaligens benutte wolle by de groepsfoarming. It materiaal biedt hânfetten om it taalbewustwêzen fan learlingen te fergrutsjen en de ferskate talen yn’e groep sichtber en besprekber te meitsjen. In oersjoch fan it beskikbere oanbod is te finen fia Oanbod.