‘Ik wil u van harte feliciteren met deze mijlpaal voor het Friese onderwijs!’. Mei dizze wurden einiget de steatssekretaris fan Underwiis en Emansipaasje Judith Tielen har brief oan de provinsje. Mei it brief lit de steatssekretaris witte dat se de ‘Feroardering kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026’ goedkard hat.
De folsleine brief is hjir te lêzen.
De nije kearndoelen kinne no neffens plan op 1 augustus 2026 fan krêft wurde. Skoallen út it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis kinne no oan it begjin fan it skoaljier 2026-2027 mei de nije kearndoelen oan ‘e slach. Skoallen hawwe oant skoaljier 2030-2031 de tiid om de nije kearndoelen in plakje te jaan.
De goedkarring fan de steatssekretaris wie it ferfolch op de goedkarring troch Provinsjale Steaten op 18 febrewaris 2026. Lês mear oer dat beslút.