Subsydzjeregelingen

Meisje-boek

Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter

Alle skoallen yn Fryslân kinne in subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer. Der is subsydzje beskikber foar skoalling en neiskoalling, les- en lêsmateriaal, kultueredukaasje en ekstra ynset fan meiwurkers, learkrêften en dosinten. Skoallen út alle ûnderwiissektoaren kinne subsydzje oanfreegje: lokaasjes foar berne-opfang, primêr ûnderwiis, fuortset ûnderwiis, mbû, hbû, wû en spesjaal ûnderwiis. Lês mear

Freegje subsydzje oan

Subsydzjeregeling lesoeren Frysk yn it ûnderwiis

Foar lesoeren Frysk fan de twadde klasse ôf oant en mei de eksamenklasse kinne skoallen yn it fuortset ûnderwiis subsydzje krije. It giet dan bygelyks om lesoeren Frysk op it tmbû, hafû en twû. De regeling stiet ek iepen foar it middelber beropsûnderwiis, it praktykûnderwiis yn it fuortset ûnderwiis en it spesjaal ûnderwiis (WEC).

Mear ynformaasje
TF2030 PU skoalstipers Tjitske van Akker en Tjitske van Dijk
TF2030 PU Frysk skriuwe Tsjil boppebou 2

Fergees lesmateriaal

Sûnt it skoaljier 2022 – 2023 krije alle skoallen yn it (spesjaal) primêr en fuortset ûnderwiis fergees lesmateriaal. Yn it primêr (spesjaal) ûnderwiis giet it om de digitale metoade Spoar 8 en it tydskrift Tsjil. Yn it fuortset (spesjaal) ûnderwiis giet it om de digitale metoade Searje 36 en it tydskrift LinKk.

Oanmelde foar fergees lesmateriaal

Regeling ‘Classroom English yn meartalige kontekst’

Foar skoallen dy’t it leargebiet Fryske taal en kultuer al in struktureel plak yn harren ûnderwiisoanbod jûn hawwe en fierder bouwe wolle oan it stypjen fan de selsredsumens fan bern yn in meartalige wrâld, is der de mooglikheid om tsjin in redusearre taryf en op basis fan beskikberens fan de trainers in Classroom English kursus te folgjen. Mear ynformaasje:

Website kursus en Informatiebrief Classroom English

Screenshot
To top
Subsydzjeregelingen – Taalplan Frysk 2030