TAALRYK: Hânbewegingen stypje gym yn it Ingelsk

20 maaie 2026

Al hast 10 jier jout Frieda van Zwol gymnastyk oan hafû- en twû-learlingen yn de ûnderbou fan CSG Liudger Waskemar. Doe’t har frege waard om har lessen yn ’t Ingelsk te jaan, – ynearsten yn it ramt fan Meartalich Fuortset Underwiis, letter yn dat fan Taalryk, wie hja ferrast, mar hja gie daliks oerstaach: “It wie in prachtige kâns om learlingen te stypjen yn harren Ingelske taalfeardigens.”

It is noch betiid op ‘e moarn. De moarnssinne skitteret op ‘e wetterdrippen dy’t op it gersfjild lizze. It is perfekt waar foar in leske softbal. Op in stoel wachtet in bytsje kâlde kofje yn in kopke op in lêste swolch. Mar Frieda van Zwol hat it te drok mei it klearsetten fan de lêste dingen foar de les. It sportfjild follet him stadichoan mei learlingen út klasse 2C. In jonge komt yn spikerbroek it fjild op. Hy rint mei in kneppel yn de rjochting fan de bal, klear om him te reitsjen. “Well, don’t you have something to tell me first?” freget se. De jonge laket ferlegen. “For example: ‘Good morning Mrs. van Zwol, I forgot my PE clothes’?”

Nei’t de learlingen harren opwaarme hawwe troch in rûntsje lâns it fjild te draven, ynstruearret Frieda har learlingen: “Grab a glove and a ball, please. If you write and throw with your right hand, you need a left-handed glove.” Se ûnderstreket har oanwizingen mei hânbewegingen – skriuwend, triuwend. “If you have small hands, take these gloves. For bigger hands, use those. Now, form pairs and start tossing in.”

Hânbewegingen

Foar klasse 2C is gym yn de Ingelske taal net direkt maklik. It is harren earste jier dat se dit Taalryk-fak hawwe, en it is noch mar de tredde les. Ferline jier hiene se in gymlearaar dy’t gym yn it Nederlânsk joech. Gymnastyk is tige brûkber om Ingelsk te learen, fertelt Frieda. “Yn myn lessen kin ik de sinnen stypje mei hânbewegingen. Se kinne dan daliks sjen wat ik bedoel.”

Underwilens hat de klasse posysje ynnommen yn it fjild. Frieda skent it sportfjild kritysk. Stiet elkenien op syn plak en is it feilich? Dan ropt se mei krêftige stim nei in learling:“Will you please stand a little further apart?” “A little faster, please.” “Yes, very good and the lady in the pink shirt, keep your eye on the ball. The ball might come your way!” “Yes, that’s excellent.”

Op aventoer nei Miami

Yn 2015 wie Frieda seis wike yn Amearika en Kanada dêr’t se ûnder oare yn Miami har neven en nichten opsocht. Op dat stuit wist se al dat se gym yn it Ingelsk jaan soe.

De taal foarme doe al gjin probleem. Wêrom net? “Fanwegen ús mem. Doe’t wy noch mar jong wiene, wie se al dwaande mei ús taalûntwikkeling. Hja woe twa dingen berikke: dat wy sawol it Nederlânsk as it Ingelsk floeiend behearsken, yn ferbân mei de famylje.” Oft it no by it miel wie of ûnder it teedrinken, ynienen koe har mem de famylje freegje om yn it Ingelsk fierder te gean. Op dy wize koe de hiele famylje letter maklik skeakelje tusken beide talen.

Belly bottom swing around the pole

Yn Miami besleat Frieda om gymlessen te folgjen. “Gym jaan yn it Ingelsk is net sa ienfâldich. It Ingelsk datst dan nedich hast is sa oars as it Ingelsk foar it deistich gebrûk. Foar de Nederlânske term borstwaartsom, dy’tst brûkst ast om in rekstôk draaist, brûkst yn it Ingelsk ‘belly bottom swing around the pole’. Dat is hiel wat oars!” De lessen yn Miami stimulearren har om op You Tube te sykjen nei oare begripen út de gymnastyk dy’t se aanst goed ynsette koe yn de lessen. “Ik makke listen mei handige wurden, en dat holp my sa yn it begjin! No brûk ik dy wurden automatysk.”

Kommunikaasje

Wurdlisten ûnderwize is net har doel. “It giet der net om dat de learlingen spesifike termen yn it Ingelsk leare. It doel fan myn lessen is dat sy mei my en oaren oer deistige dingen kommunisearje kinne, lykas: “Can you toss the ball?”, “Shall we form a duo?”, of: “Can I go to the toilet, please?”

Efkes letter demonstrearret se foar de klasse hoe’tst in bal smite moatst: “Stand like this. Step out, throw, and catch.” As in jonge der muoite mei hat, advisearret se: “Use more body power.” Har gesicht ljochtet op as er de bal mei mear krêft lansearret. “Way better, you see?” Se laket: “Op sa’n momint is myn dei al slagge. Wannear’t in learling foarútgong boekt, jout dat my safolle foldwaning.”

Utdaging

Frieda wit út ûnderfining dat gym yn it Ingelsk lestich is foar de earstejiers. Nei trije jier gym yn it Ingelsk krigen te hawwen, witte de learlingen net mear oars en hawwe se der echt wille yn. Ald-learlingen fertelle har faak dat se sa bliid binne dat se gym yn it Ingelsk hiene: It holp harren letter mei de eksamens en op fakânsje. Nei al dy jierren gym yn it Ingelsk bliuwt it fak in útdaging. “Mar ik doch it mei plezier. As ik myn learlingen helpe kin, bin ik hiel gelokkich.”

Skriuwer en fotograaf: Gerbrich van der Meer

Deel dit artikel:


To top
TAALRYK: Hânbewegingen stypje gym yn it Ingelsk - Taalplan Frysk 2030