Tomke bestiet 25 jier!

It is him net oan te sjen, mar Tomke bestiet fan ‘t jier 25 jier! Wa’t syn jierdei hat traktearret en dêrom binne juny en septimber Tomke-feestmoannen! Op 25 maaie waard op pjutte-opfang It Healtsje yn Jobbegea it earst Tomke-feestkofferke oerlange.

Foto: Jaap Schaaf, Hoge Noorden

Foar alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Fryslân stiet der in Tomke-feestkofferke klear! Ek is der in spesjaal jubileumboekje, nije Tomke ferskes en in Tomke-toer by ferskate pjutteboartersplakken, bernesintra en biblioteken del.

Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar pjutten en makket diel út fan it projekt Taalplan Frysk 2030. It projekt Tomke wol âlden en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferske sjonge en (taal)spultsjes binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk. It Frysk is foar no en letter!

Mear witte oer 25 jier Tomke? Sjoch op https://tomke.nl/tomke-25-jier