Spesjaal ûnderwiis

Begelieding

It projekt Taalplan Frysk 2030 soarget foar de begelieding fan skoallen by it fuortsterkjen fan it oanbod Frysk yn it ûnderwiisprogramma. Sa is der foar alle skoallen in “skoalstiper”. Dat is in fêst kontaktpersoan foar de skoalle dy’t de skoalle helpt en advisearret by it útfieren fan de ambysjes fan de skoalle. Sa ferbetterje wy stap foar stap it nivo fan it Frysk ûnderwiis.

Lês mear oer de begelieding yn it spesjaal ûnderwiis.

Skoalbesites

De provinsje wol alle bern yn Fryslân in kâns biede om de Fryske taal te learen, as memmetaal of as ekstra taal. Dat jildt ek foar de bern dy’t nei it (fuortset) spesjaal ûnderwiis gean. De skoalbesite jout ynsjoch yn hoe’t de skoalle omtinken jout oan de Fryske taal en kultuer. Yn oerlis mei de skoalstiper kin de skoalle harren ambysjes op it mêd fan it Frysk fierder foarmjaan.

Lês mear oer de skoalbesites.

Bewustwurding

It is belangryk om learlingen, âlden en learkrêften bewust te meitsjen fan de mearwearde fan ûnderwiis yn en oer de Fryske taal en kultuer en meartaligens. Dêrom sette wy as projekt Taalplan Frysk 2030 yn op ferskate aktiviteiten en eveneminten. Krekt as de reguliere skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis kinne skoallen foar (fuortset) spesjaal ûnderwiis meidwaan oan aktiviteiten lykas SjONG junior of SjONG, FeRstival en It Grut Frysk diktee of Lyts Frysk diktee. Foar learkrêften is der alle twa jier in ûnderwiiskongres om har ynspirearje en ynformearje te litten oer de nije ûntjouwings as it giet om metodiken en materiaal.

Sjoch foar alle eveneminten yn de aginda. Dêrneist is der omtinken foar it sichtber meitsjen fan it Frysk yn en om de skoalle. Besjoch it oanbod op dizze webside.

Oplieding en neiskoalling

Learkrêften en dosinten yn it spesjaal ûnderwiis kinne meidwaan oan de kursus Klasse Frysk. Dy basiskursus bestiet út acht ynspirearjende lessen dêr’t kursisten praktyske tips krije om de lessen Frysk sels op maat mei te meitsjen. De tema’s binne taalsosjology, berne- en jongereinliteratuer, skiednis, materiaal en oanbod. Dêrneist wurkje de kursisten oan de Fryske taalfeardigens. Sjoch foar in folslein oersjoch fan oplieding en neiskoalling op de side oanbod. Yn de aginda binne eveneminten te finen lykas it jierliks kongres Fierder mei Frysk foar dosinten yn it (spesjaal) fuortset ûnderwiis. Mei presintaasjes en workshops oer de relevante ûntjouwings en wêr’t dosinten ynformaasje en tips útwikselje kinne.

Materiaal

Om omtinken te jaan oan it Frysk as memmetaal fan bern is goed materiaal ûnmisber. Dêrom sette wy mei it projekt Taalplan Frysk 2030 yn op in breed en farieare oanbod oan materiaal. Sawol fysyk as digitaal. Foar alle leeftiidsgroepen yn it spesjaal ûnderwiis is materiaal beskikber, te sjen fia oanbod. It giet bygelyks om lêsboeken op alle nivo’s en mei ynteressante tema’s.

Ek kinne skoallen foar spesjaal ûnderwiis gebrûk meitsje fan oansprekkende projekten dêr’t bygelyks bewustwurding fan en boartsje mei talen sintraal yn steane. Dêrneist is der in spesifike digitale learomjouwing makke foar it spesjaal ûnderwiis yn de learmetoades Spoar 8 en Searje 36.

De skoalstiper kin de skoalle advys jaan oer hokker materialen en/of projekten oanslute by ambysjes fan en de situaasje op de skoalle en stypje by it brûken fan ’e materialen en projekten.

To top
Spesjaal ûnderwiis – Taalplan Frysk 2030