Tiisdei 9 juny 2026 wiene in tal beliedsmeiwurkers fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip op besite yn Fryslân. Doel fan de besite wie om harren te ynformearjen oer de ûntwikkelingen oangeande Frysk yn it ûnderwiis en lêsûnderwiis yn Fryslân.
De start wie by basisskoalle De Frissel yn Feanwâlden, by Wiepie Wouda (taalkoördinator), Henk Jan Kamies (direkteur) en Hans Velsink (bestjoerder Fiersicht). De Frissel is in trijetalige skoalle en biedt alle learlingen ûnderwiis oan yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. Ek die de skoalle mei oan it Erasmus+ projekt Read with MEE, rjochte op it befoarderjen fan de lêsfeardigens fan jonge meartalige bern.
Nei in rûnlieding troch de skoalle en de biblioteek wie der in presintaasje fan Fers. Bodil Stelwagen fertelde oer it Fries Leesoffensief en Roos Franken en Sanne de Boer oer de Friese Aanpak.
De besite gie fierder by it Leeuwarder Lyceum. Direkteur Wabe Reinsma fertelde oer de situaasje fan it Frysk op dy skoalle en by OVOFN. Dosinten Meindert Reitsma en Albertina Soepboer fertelden oer de ûntwikkelingen by lêsfeardigens yn it ljocht fan it nije eksamenprogramma Fryske taal en kultuer en lieten foarbylden sjen fan lessen.
De besite einige by de Afûk. Projektlieder Marlous Visser joech útlis oer Taalplan Frysk 2030. Albert Walsweer (NHL Stenden), Bernadet de Jager (Cedin) en Sita Postma (Afûk) fertelden oer de aktiviteiten yn Taalplan Frysk 2030, dy’t rjochte binne op it lêzen en lieten derby ek ferskate materialen sjen.
De delegaasje is mei in soad ynformaasje en materialen wer nei hûs ta gien. Betanke foar de besite en graach oant in oare kear!