It giet wer oan: it Skoaleksamen Frysk 2026! In moaie kâns om in yndruk te krijen fan it útstreamnivo Frysk fan de learlingen.
It eksamen wurdt oanbean yn twa nivo’s. It A-eksamen is rjochte op de algemiene taalfeardigens en de harkfeardigens. It B-eksamen bestiet dêrneist ek út lês- en skriuwfeardigens.
Dêrneist wurdt der wurke oan it organisearjen fan in Taaldoarp Frysk om de mûnlinge feardigheden fan de learlingen te toetsen.
It Skoaleksamen kin ôfnaam wurde fan 1 oant 12 juny 2026. Opjaan kin fia: grip.frl/skoaleksamenfrysk
Alle learlingen dy’t meidogge oan it eksamen ûntfange in persoanlik diploma mei it behelle nivo.