Mei it projekt Taalplan Frysk 2030 bringt de provinsje Fryslân foar alle skoallen yn it fuortset ûnderwiis yn kaart hokker kearndoelen in skoalle foar it fak Frysk oanbiedt. Der binne bygelyks kearndoelen formulearre foar Frysk ferstean, lêze, prate en skriuwe. Dy kearndoelen binne wer yn Taalplan Frysk-profilen útwurke.
De profielen
Yn it fuortset ûnderwiis binne der 5 profilen (profyl A, B, C1, C2 en D). By profyl D wurde der gjin kearndoelen oanbean foar it Frysk. De profilen binne basearre op de kearndoelen Frysk út de Wet op het Voortgezet Onderwijs (WVO).
Lês mear oer de Taalplan Frysk-profilen.
De provinsje Fryslân stelt ienris yn ‘e fjouwer jier in Taalplan Frysk-profyl fêst troch it útfieren fan in skoalbesite. Skoallen krije dêrmei ynsicht yn de besteande situaasje fan it (fak) Frysk op skoalle. Dêrneist formulearje alle skoallen ek in ambysje foar de kommende fjouwer jier. Yn dy ambysje omskriuwt de skoalle hoe’t sy nei in heger Taalplan Frysk-profyl tawurkje. Nei 4 jier folget der in nije skoalbesite.
Lês mear oer de skoalbesites.
It projekt Taalplan Frysk 2030 soarget foar de begelieding fan skoallen by it fuortsterkjen fan it oanbod Frysk yn it ûnderwiisprogramma. Sa is der foar alle skoallen in “skoalstiper”. Dat is in fêst kontaktpersoan foar de skoalle dy’t de skoalle stipet en advisearret. De skoalstiper tinkt û.o. mei oer skoalling fan dosinten en oer it materiaal dat it bêste oanslút by de ambysjes en doelen fan de skoalle.
Der is spesifyk omtinken foar profyl C skoallen. De begelieding is derop rjochte om leechdrompelich te begjinnen mei oandacht foar Frysk yn de lessen.
Ek wurdt der op bestjoerlik nivo begelieding oanbean om yn kaart te bringen wat in bestjoer/direksje dwaan kin om skoallen te stypjen. Sa ferbetterje wy stap foar stap it nivo fan it Frysk ûnderwiis.
Lês mear oer de begelieding.
It is belangryk om learlingen, âlden, dosinten, dekanen en direksjes bewust te meitsjen fan de mearwearde fan ûnderwiis yn en oer de Fryske taal en kultuer en meartaligens. Dêrom sette wy as projekt Taalplan Frysk 2030 yn op ferskate aktiviteiten en eveneminten. Tink dêrby oan eveneminten foar learlingen lykas SjONG, FeRstival, it Grut Frysk Diktee en LêsNo. Sjoch foar alle eveneminten yn de aginda. Dêrneist is der omtinken foar it sichtber meitsjen fan it Frysk yn en om de skoalle.
Besjoch it hiele oanbod.
Alle jierren wurdt it kongres Fierder mei Frysk organisearre foar dosinten Frysk yn it fuortset ûnderwiis en it middelber beropsûnderwiis. Dosinten krije ynformaasje en skoalling oer de nije ûntjouwings dy’t relevant binne foar it fak Frysk. Der binne ferskate presintaasjes en workshops. Ek is dat ít plak om ynformaasje en tips út te wikseljen mei oare dosinten. Dêrneist is der de kursus Klasse Frysk. Dy basiskursus bestiet út acht ynspirearjende lessen dêr’t kursisten praktyske tips krije om de lessen Frysk sels mei op maat te meitsjen. De tema’s binne taalsosjology, berne- en jongereinliteratuer, skiednis, materiaal en oanbod. Dêrneist wurkje de kursisten oan de Fryske taalfeardigens.
NHL Stenden Hogeschool biedt sawol in bachelor- as masteroplieding Frysk. De learare-oplieding Frysk (bachelor) liedt ta it twaddegraads foech. It is ek mooglik om losse modulen fan de oplieding te folgjen, bygelyks jeugdliteratuer of taalfeardigens. De master learare-oplieding Frysk liedt ta it earstegraads foech foar it lesjaan yn de boppebou fan it vmbo, havo en vwo en yn it hbo.
Sjoch foar in folslein oersjoch fan oplieding en neiskoalling op de side oanbod.
Foar goed Frysk ûnderwiis is goed materiaal ûnmisber. Dêrom sette wy mei it projekt Taalplan Frysk 2030 yn op in breed en fariearre oanbod oan materiaal, sawol fysyk as digitaal. De digitale metoade foar it fak Frysk is Searje 36. Searje 36 biedt in folslein pakket foar klasse 1 oant en mei de eksamenklasse. Grut part fan Searje 36 is Doch!, dêr’t learlingen oan de hân fan nijsgjirrige en útdaagjende projekten mei wurkje oan alle domeinen fan de Fryske taal. Fansels is der ek romte foar taalfeardigens en, foar de twadde faze, ûndersyksfeardichheden. Dêrneist is foar alle nivo’s ek fysyk lesmateriaal beskikber.
Besjoch it folsleine oanbod fan materiaal foar fuortset ûnderwiis.