Spoar 8

  • Uitgelicht

De metoade Frysk foar it basisûnderwiis. Spoar 8 bestiet út fiif ûnderdielen. Besjoch hoe’t Temateek, Taalaktiviteiten, Lêsline, Projekten en Meunstertún helpe kinne by it jaan fan it fak Frysk.

Beskriuwing

Spoar 8 is dé metoade Frysk foar it primêr ûnderwiis. In komplete metoade mei in trochgeande learline fan groep 1 oant en mei groep 8. De metoade bestiet út 5 ûnderdielen: Temateek, Taalaktiviteiten, Projekten, Lêsline en Meunstertún, en slút oan by de tema’s dêr’t de skoalle oan wurket. De learlingen wurkje op tablet, laptop of kompjûter oan lêsbegryp, skriuw-, hark- en sjochfeardigens. De tema’s sitte grôtfol ferhalen, gedichten, filmkes en spultsjes. De lessen binne ynteraktyf. Neist de 5 ûnderdielen biedt Spoar 8 ek in Rûteplanner mei in strukturearre en fariearre oanbod fan lessen per learjier

Mear ynformaasje

Sjoch op www.spoar8.frl.


To top
Spoar 8 - Taalplan Frysk 2030